Springe nei ynhâld

Seksuology

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Seksuolooch)

Seksuology, fan it Latynske sexus ("geslacht") en it Grykske -λογία, -logia ("ferhanneling" of "betooch"), is de tûke fan 'e wittenskip dy't him dwaand hâldt mei de stúdzje fan 'e minsklike seksualiteit en alles dat dêrmei te krijen hat. In wittenskipper dy't him taleit op dizze dissipline is in seksuolooch. De seksuology is in relatyf nije stúdzje, dy't him foar it earst yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw begûn te ûntjaan, hoewol't it pas yn 1906 as in selsstannige tûke fan wittenskip erkend waard. Sûnt is de ûntwikkeling fan 'e seksuology fluch gien, benammen om't de minsklike seksualiteit geandewei de tweintichste iuw en fral by de Seksuële Revolúsje fan 'e 1960-er jierren út 'e taboesfear lutsen waard. Sûnt de jierren njoggentich is yn Nederlân de seksuology popularisearre troch de Flaamske tillefyzjeseksuologe Goedele Liekens.

De seksuology hat reitsflakken mei de biology, sosjology, kriminology, antropology, genêskunde en psychology. Algemiene ûnderwerpen dy't gauris oan 'e oarder komme, binne û.m. seksuële ûntwikkeling (yn 'e puberteit), seksuële oriïntaasje, geslachtsidentiteit, seksuële identiteit, minsklike seksuële aktiviteit, seksuële relaasjes, parafily en atypyske seksuële belangstelling. Fierders ferdjippet de seksuology him ek yn 'e seksualiteit fan spesifike leeftydsgroepen en oare sosjale kategoryen, lykas seksualiteit by bern, seksualiteit by pubers, seksualiteit by de âlderein en seksualiteit by lichaamlik beheinden. Ek it ûndersyk nei (en de behanneling fan) seksuële steurings, lykas ympotinsje, anorgasmy en pedofily, heart ta it wurkterrein fan 'e seksuology.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.