Seerp Lieuwes fan Beyma
Seerp Lieuwes fan Beyma (Penjum, ? - dêre, 12 april 1493) wie in Skieringer regint út Penjum dy't wenne op it "bolwerck".
Hy waard omskreaun as in forsch en stout man, die groote daden heeft gedaan voor de verdediging van de Schieringers in Westergoo. Hij is in Workum aangesteld tot Regent, ter bescherming van Schieringers tegen Galema en andere Vetkopers. Yn 1485 hat Sikke Sjaardema - in foarman fan de Skieringers yn Frjentsjer - bargebiten mei de Penjumer Fetkeaper Douwe Hiddema. Seerp Lieuwes wurdt mei in leger en de Frentsjerter bus(kanon) op de Hiddemastins ôfstjoerd. Under de belegering giet Beima mei in part fan syn striidmacht nei de Aylvastins fan Epo Aylva ("De griene Ype") yn Wytmarsum.
Ek dy wurdt belegere en ferwoaste. Juw Juwinga en Igo Galema geane mei in leger nei Penjum om de Hiddemastins te ûntsetten. Dernei ûntstiet yn Penjum in fûleindige fjildslach, yn it neidiel fan de Skieringers en boppedat mei in bulte deaden. Gâns wapentúch en de Frjentsjerter bus(kanon) falt yn hannen fan Juw Juwinga. Seerp Lieuwes kin amper ûntkomme, hy is yn Penjum ferstoarn.