Schylger Jutters-Bitter
Appearance
Schylger Jutters-Bitter, is in krûdebitter fan it Waadeilân Skylge (Schylger is Skylgersk foar "Terschellinger/Skylger").
De krûdebitter befettet 30% alkohol. It bitterke wurdt de liter ferkocht yn glêzen flessen, oare folumes sitte yn brune stiennen krûken.
De bitter kin puer dronken wurde, mar ek yn kola of kofje.
De drank wurdt makke troch Cranberry Terschelling BV en ferhannele troch West Aleta Drankenhandel b.v. op Skylge.