Saskerastins
Saskerastins, mooglike namme ek: Lyts-Reinaldastate, stie oan de Jepmaleane ten noarden fan Westernijtsjerk yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Op it stee stiet no in pleats.
It ûntstean fan de stins is ûnbekend, mar waard yn 1483 neamd as Saskera styns. Mooglik wenne op Saskera yn 1423 Foppeka Saxghera, yn dat jier "iehear" fan de gritenij Ferwerderadiel. Yn 1483 fermakke Jeppa Jeppama fan it tichtby lizzende Jeppemahûs Saskera styns met Sasker guth en Saszker terp oan syn susters Bottie en Ulke. Om dat mooglik te meitsjen soe noch wol in ruil mei oare lannen needsaaklik wêze. It goed Sasckera komt yn 1543 foar as beliening fan it pastorijelân tusken it doarp en de Alde Seedyk. Yn 1562 wie Saskera eigendom fan Saepck Itsma, dy't Saskeraguedt yn dat jier neiliet oan de bern fan har dochter Frau Itsma, troud mei Here fan Burmania, tagelyk mei ûndermear Regnalda-zate en den huysstede op Copckewier ûnder Westernijtsjerk. Yn de Nije Tiid wie it in pachtpleats, yn 1640 eigendom fan de weesbern fan Idsert fan Burmania en is Jets Johannes brûker. Yn 1698 pachtet Biense Gerben syn widdo de 54 pûnsmiet (± 20 ha) grutte pleats fan de bern fan wilen jonker Edsart fan Harinxsma. Yn 1728 is it eigendom fan luitenant-generaal Frederik fan Grovestins dy't doe ek eigener wie fan Jeppemastate en Reinaldastate. Yn 1832 wie it op 't lêst eigendom fan grutgrûnbesitter J.W.M. baron Collot d’ Escury te Leien en mei-eigeners.
De kaarten fan 1718 en 1850 toane Saskera as in gewoane pleats oan de Jeppemaleane. De ruilplannen fan Jeppe Jeppema yn 1483 kinne sjoen wurde yn it ramt fan de ôfrûning fan it Jeppemalân.
Eigeners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1423 Foppeka Saxghera ?
- - 1483 Jeppa Jeppama
- 1483 - Bottie en Ulke Jeppema
- - 1562 Saepck Itsma
- 1562 bern fan Frou Itsma en Here fan Burmania
- 1640 de weesbern fan Idsert fan Burmania.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|