Santa Maria del Mar (Barselona)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Marije fan de See

Santa Maria del Mar

Haadportaal
Haadportaal
lokaasje
lân Flag of Spain.svg Spanje
autonome regio Flag of Catalonia.svg Kataloanje
plak Escudo de Barcelona.svg Barseloana
adres Plaça de Santa Maria, 1
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1329-1383
boustyl Gotyk
oare ynformaasje
webside Side Santa Maria del Mar

De Santa Maria del Mar (Hillige Marije fan de See) is in katolike tsjerke yn it Ribera distrikt fan Barseloana, Spanje. De tsjerke is boud tusken 1329 en 1383 doe't it keninkryk Aragon mei hannel en seefeart in gouden tiid meimakke. De Santa Maria del Mar is in poerbêst foarbyld fan de Katalaanske gotyk. De relatyf koarte boutiid fan de tsjerke makke dat de styl oars as wenst by midsiuwske bouwurken tige suver en fan grutte uniformiteit is.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vista des de la Torre de Sant Sebastià - 12.JPG
In stiennendrager

Neffens de leginde soe de apostel Jakobus op it plak dêr't hjoed-de-dei de tsjerke stiet preke ha. Dat waard de oanlieding fan de bou fan in lytse kapel. In earste skriftlike fermelding fan de Marijetsjerke datearret út 998.

Mei de earste stienlizzing troch kening Alfons IV van Aragon op 25 maart 1329 sette de bou fan de tsjintwurdige tsjerke útein. In plakette yn it Latyn en Katalaansk oan de gevel nei de Fossar de les Moreres tsjûget dêrfan. De bou stie ûnder lieding fan de arsjitekten Berenguer de Montagut, dy't de tsjerke ûntwurp, en Ramon Despuig. Alle gilden fan it Ribera-distrikt diene mei oan de bou. Benammen de dragers fan de stiennen, de saneamde bastaixos, soargen foar in ûnbidige prestaasje. Harren grutte ynset waard priizge op in brûnzen plakette by it haadportaal en op de doarren binne reliëfs fan harren oanbrocht. De muorren, sydkapellen en gevels waarden yn 1350 foltôge, mar in brân ferneatige yn 1379 grutte dielen fan de bou. Op 3 novimber wie it safier dat de lêste stien lein waard en op 15 augustus 1383, op it feest fan Marije-Himelfeart, waard de tsjerke troch Pere Planella, biskop fan Barselona, ynwijd.

In ierdskodding op 2 febrewaris 1428 feroarsake grutte skea en ferneatige it roasfinster yn de westlike gevel. It nije finster waard yn 1459 yn flamboyant-styl foltôge. In jier letter waard it brânskildere glês ynbrocht. De Sakramintskapel oan de apsis is in 19e-iuwske tafoeging.

Paus Pius XI ferliende yn 1923 de titel basilica minor. Oan it begjin fan de Spaanske Boargerkriich ferneatigen anti-klerikalen it 22 meter barokke heechalter en in diel fan de rest fan it ynterieur. De brân yn de tsjerke bleau alve dagen trochlôgjen, mar de tsjerke sels oerlibbe it gewelt.

Eksterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch't de tsjerke ynsletten is troch de nauwe strjitten fan it Ribera-distrikt is it dreech in totale yndruk fan it eksterieur te krijen. Om't eartiids it tsjerkhôf oan de kant fan de Fossar de les Moreres en it Plaça de Santa Maria lei is dat dêr noch it bêste mooglik. De westlike gevel makket in strenge en nofteren yndruk, in typysk skaaimerk fan de Katalaanske gotyk. Troch twa steunbearen wurdt de gevel dêr yn trijën ferdield. Bylden fan Petrus en Paulus krigen dêr in plak yn de nissen oan beide kanten fan it westlike portaal. It timpaan toant Jezus mei oan wjerskanten Marije en Jehannes. De slanke achthoekige noardwestlike toer waard yn 1497 foltôge, de oare toer pas yn 1902.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Byld fan Santa Maria del Mar
Ynterieur

De trijeskippige tsjerke foarmet ien grutte romte sûnder dwersskippen. In arsjitektoanyske begrinzing tusken it koer en it haadskip ûntbrekt. It ienfâldige ribferwulft wurdt droegen troch smelle achthoekige pylders. Hege finsters yn de ljochtbeuk meitsje in oerdiedige ljochtfal mooglik.

Fanwegen de brân as gefolch fan it anti-klerikale geweld yn 1936 binne der hast gjin bylden mear yn de tsjerke te sjen, sa't dy wol yn oare grutte goatyske tsjerken fan de stêd steane. It meast noch moat de tsjerke it barokke heechalter misse, in keunstwurk fan Deodat Casanoves en Salvador Gurri.

De brânskildere ramen fan de tsjerke stamme út ferskate perioades. Fan de orizjinele ramen bleau allinne de Himelfeart en it Fuotwaskjen bewarre en inkelde geometryske motiven yn de apsis.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel is in histoarysk ynstrument dat troch de Dútske oargelbouwer Grenzing restaurearre waard. It ynstrumint hat 21 registers op twa manualen en pedaal.

Katedraal fan de See[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bou fan de Santa Maria del Mar foarmet de achtergrûn yn de roman "De Katedraal fan de See" fan Ildefonso Falcones. De bestseller waard yn 2006 publisearre en is sûnt yn in soad talen oerset, wêrûnder it Nederlânsk (Kathedraal van de Zee). It boek waard troch Netflix ûnder de titel "La Catedral del Mar" ferfilme.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Santa Maria del Mar