Springe nei ynhâld

Samuel Meyer Isaacs

Ut Wikipedy

Samuel Meyer Isaacs (Ljouwert, 4 jannewaris 1804 - New York, 19 maaie 1878) wie in rabbyn.

Syn heit emigrearde út earmoede mei syn húshâlding nei Ingelân. (Neffens de Jewish Encyclopedia soe de heit bankier west hawwe, teminsten neffens de neisieten yn Amearika). Isaacs waard rabbyn yn Ingelân en yn 1839 yn New York. Hy troude yn Londen mei Jane Symmons (1823 - 1884. It waard ien fan de bekendste lieders en publisisten fan it otterdokse joadendom yn Amearika. Hy wie stifter fan it Mount Sinai Hospital yn New York.

Oan de Lytse Tsjerkestrjitte yn Ljouwert is yn 1 novimber 2010 in plakette ûntbleate foar Samuel Isaacs. De plechtichheid waard útfierd troch neisieten fan Isaacs út de Feriene Steaten en Israel.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: