Samson Reservaat 137

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Samson Yndianereservaat 137)
Samson Reservaat 137
Samson 137 Reserve
polityk
haadplak Maskwacis (Alberta)
stamme Samson Kry Naasje
lân Kanada
provinsje Alberta
sifers
ynwenners 3.746 (2011)
oerflak 128,1 km²
bef.tichth. 29,2 / km²
oar
stifting 1885
tiidsône UTC –7
simmertiid UTC –6
webside samsoncree.com
kaart
Samson Reservaat 137 (Alberta)
Samson Reservaat 137
Lizzing fan it reservaat yn Alberta.

It Samson Reservaat 137 (Ingelsk: Samson 137 Reserve) is in reservaat fan 'e Samson Kry Naasje (Samson Cree Nation), in erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta. It waard yn 1885 stifte as útfloeisel fan it Ferdrach Nû. 6, ien fan 'e regionale, saneamde Nûmere Ferdraggen tusken de ûnderskate Yndiaanske folken en de Kanadeeske autoriteiten.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Samson Reservaat 137 is sitewearre yn it sintrale diel fan Alberta, likernôch 70 km súdlik fan 'e provinsjale haadstêd Edmonton en ek súdlik fan Wetaskiwin. It stedsje Maskwacis, dat it haadplak fan it reservaat is, leit rûchwei foar de eastlike helte binnen de grinzen fan it reservaat. Yn it noardwesten grinzget it Samson Reservaat oan it Ermineskin Reservaat 138 en yn it súdwesten oan Ponoka County. De grins mei dy beide gebieten falt lyk mei de fan noard nei súd rinnende Alberta Highway 2A. De fan east nei west rinnende Alberta Highway 611 rint dwers troch it Samson Reservaat en krúst oan 'e westlike râne Highway 2A. It Samson Reservaat beslacht in oerflak fan 128,07 km², en is dêrmei fierwei it grutste fan 'e beide reservaten fan 'e Samson Kry Naasje (it oare is it Samson Reservaat 137A).

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens ynformaasje fan 'e Kanadeeske oerheid hie it Samson Reservaat yn 2006 3.295 permaninte bewenners, dy't yn 929 ûnderskate wenten libben. Dat wie in befolkingsgroei fan 7,4% yn ferhâlding mei 2001. Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie it reservaat doe 3.746 permaninte bewenners, in groei fan 13,7% yn ferhâlding mei 2006. De befolkingstichtens bedroech yn 2011 29,2 minsken de km². De bewenners fan it reservaat binne sa goed as allegearre leden fan 'e Samson Kry Naasje. Hja binne etnyske Kry (Cree), in Algonkwynsktalich folk dat de talrykste Yndiaanske groep fan Kanada foarmet.

Ekonomy en foarsjennings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it mêd fan foarsjennings beskikt it Samson Reservaat 137 oer in middelbere skoalle, it Maskwachees Cultural College, dy't yn 1976 oprjochte waard. Sûnt 1987 is der ek in klinyk fêstige en in bingoseal, de Samson Bingo Hall. Fierders is der yn it diel fan Maskwacis dat binnen de grinzen fan it reservaat leit in winkelsintrum, de Samson Mall, dy't yn 1996 iepene waard.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.