Springe nei ynhâld

Samoähuningiter

Ut Wikipedy
Samoähuningiter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje huningiters (Meliphagidae)
skaai Pasifyske huningiters Gymnomyzas
soarte
Gymnomyza samoensis
Hombron en Jacquinot, 1841
IUCN-status: bedrige

De Samoähuningiter (Gymnomyza samoensis), lokaal bekend as mao of ma'oma'o) is in sjongfûgel út de famylje huningiters (Meliphagidae). De fûgel is in endemyske soarte yn Samoä en wurdt earnstich bedrige.

De fûgel is 31 sm lang en hat in donker fearrekleed mei in lange en smelle kromme snaffel, dy't by folwoeksen fûgels swart is en by juvenile fûgels giel. Fan'e basis nei de nekke rint ûnder it each in oliifgriene streek. Folwoeksen fûgels hawwe ljochtblauwe of brune eagen, wylst alle juvenilen brune eagen ha. De kop fan 'e fûgel is swartgriis en giet dan stadichoan yn oliifbrún oer op 'e wjukken en it bealchje. De ûndersturtdekfearren binne brún en de fûgel hat swarte poaten.

De soarte is endemysk op 'e eilannen Savaii en Upolu en oant de jierren 1920 ek op it eilân Tutuila (Amerikaansk-Samoä), dêr't de fûgel útstoarn is. De fûgel komt foar yn fochtige berchwâlden oant op in hichte fan 760 m., mar is ek te sjen oan rivieren en yn palmbeammen oan 'e de kust.

De Samoähuningiter hat in beheind ferspriedingsgebiet en de kâns op útstjerren is dêrom oanwêzich. BirdLife International rûsd de populaasje op 250 oant 1.000 folwoeksen fûgels. Troch it ferlies oan biotoop nimt dat oantal ôf. De oarsaak dêrfan is houtkap foar lânbou, yntrodusearre rotten, de oanlis fan diken en tropyske stoarmen.

De IUCN hat de Samoähuningiter as in bedrige soarte op 'e Reade list klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Samoahoningeter (ferzje 16 april 2024)