Sam Olij

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sam Olij (mei feandel) en Harry Dénis (rjochtsachter), OS 1928

Simon Paulus ("Sam") Olij (Amsterdam, 5 oktober 1900Amsterdam, 4 augustus 1975) wie in amateurbokser út Landsmeer, Nederlân. Hy die ienris mei oan de Olympyske Spullen.

Doe't Amsterdam yn 1928 gasthear wie fan de Olympyske Spullen, ferlear er yn de kwartfinales fan it swiergewicht (oant 91 kilogram) fan Arturo Rodríguez út Argentynje. Olij siet by in seleksje fan seis, mei ûnder oaren Ben Bril, Bep van Klaveren en Karel Miljon, dy't ûnder lieding fan trener Theo Huizenaar stie.

Sam Olij wie yn de oarloch in wreed ferneamd plysje en joadejager. Sitaat út it boek “Landverraad” fan Koos Groen: "... Het arresteren van dertig blinde joden voor de arbeidsinzet in Polen was er vooral debet aan dat hij ter dood veroordeeld werd. In tweede instantie werd de straf verlaagd tot vijftien jaar. Hij ontsnapte". Lykas syn soan Jan Olij, dy't as SS-frijwilliger oan it eastfront fjochte, ferwûne weromkaam en him dêrnei nuttich makke by de Grüne Polizei. Nei de oarloch flechte er nei Argentynje.

Hy stoar yn de âldens fan 74 jier yn Amsterdam.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: