Springe nei ynhâld

D' Alde Wite

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Salviustsjerke (Dronryp))
d' Alde Wite
Salviustsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
plak Dronryp
adres Tsjerkebuorren 17
koördinaten 53°11′48″ N 5°38′35″ E
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke
boujier 12e iuw (toer 1544)
boustyl romaansk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 28604
Lûdsfragmint fan de tsjerkeklokken fan d' Alde Wite

D' Alde Wite, eins offisjeel de Salviustsjerke, is in tsjerkegebou yn it doarp Dronryp, yn 'e Fryske gemeente De Waadhoeke.

Fan oarsprong wie d' Alde Wite in roomske tsjerke, dy't wijd wie oan 'e hillige Salvius. It gebou waard yn 'e tolfde iuw yn 'e romaanske boustyl set, mar by in grutte ferbouwing yn 1504 krigen benammen it koar en de súdmuorre in goatysk karakter.

De ienbeukige tsjerke is oerdutsen mei in tûneferwulft. De toer waard yn 1544 boud, en befettet in liedklok út 1493 dy't getten is troch Geert van Wou. De súdyngong hat in fronton mei in deadskop tusken twa obelisken. Njonken de doar befynt him in tinkstien ta oantins oan wolkjimmer en astronoom Eise Eisinga, dy't yn Dronryp berne waard. De fronton boppe de eastyngong hat trije bylden fan 'e deugden, wêrûnder Caritas.

It oargel, út 1653, is it âldste tsjerkoargel fan Fryslân. It waard makke troch de bruorren Arnoldus en Tobias Bader. Dit oargel waard yn 'e njoggentjinde iuw restaurearre troch Willem Hardorff, en yn 'e tweintichste iuw nochris troch Bakker & Timmenga. It ynterieur fan d' Alde Wite omfiemet fierders sân hearebanken en in grut tal grêfsarken yn 'e flier.

Nei de Reformaasje waard d' Alde Wite in herfoarme tsjerkegebou, en sûnt 2004 is it yn besit fan 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân. De bynamme d' Alde Wite ferwiist nei de kleur fan 'e bûtenmuorren en is sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw alhiel ynboargere rekke, sasear sels, dat de measte Rypsters net iens witte dat it net de offisjele namme fan 'e tsjerke is. D' Alde Wite is in wichtich symboal fan Dronryp, en dêrom is de boppeste helte fan 'e toer op 'e doarpsflagge ôfbylde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald et al., Fryslân: Monumenten in Nederland, Deel 6, Seist/Swol, 2000 (Rijksdienst voor de Monumentenzorg/Waanders), ISBN 9 04 00 94 764.