Springe nei ynhâld

Salomon de Bray

Ut Wikipedy
Salomon de Bray en syn wiif, troch Jan de Bray, National Gallery of Art, Washington
Jonge frou, troch Salomon de Bray

Salomon de Bray (Amsterdam, 1597 - Haarlim, 11 maaie 1664) wie in Nederlânsk keunstskilder en arsjitekt.

Salomon de Bray sette him ta wenjen foar 1617 yn Haarlim, dêr't er learling west hawwe soe by Hendrick Goltzius en Kornelis fan Haarlim, en dêr't er yn 1625 boaske. Hy stoar nei alle gedachten oan de pest, en waard yn de Sint-Bavo begroeven. Trije fan syn tsien bern waarden ek skilder, dêr't de bekend wurden Jan de Bray ûnder wie.

Salomon de Bray skildere histoarjestikken, portretten en lânskippen. As katolyk makke er wierskynlik alterstikken foar skûltsjerken. Hy die mei oan de fersiering fan it Hûs te Bosk yn De Haach. Syn wurk azemet de geast fan it Hollânsk klassisisme, en is te fergelykjen mei dat fan Pieter de Grebber.

Utsein skilder, wie Salomon de Bray ek ûntwerper fan sulverguod, dichter, arsjitekt en stêdeboukundige. Hy wie belutsen by de bou of ferbou fan it stedhûs, de Sylpoarte, de St. Annatsjerke - allegearre yn Haarlim - it kastiel yn Warmond en it boargerweeshûs in Nymwegen.

Salomon de Bray wie goekunde fan de komponist Cornelis Padbrué, dy't in gedicht fan him op muzyk sette.

Yn 1631 skreau Salomon de Bray Architectura Moderna dêr't beskriuwings fan gebouwen troch de arsjitekt Hendrick de Keyser yn joech.[1]

In bekend skilderij fan Salomon de Bray is De twilling Clara en Aelbert de Bray út 1646.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.iatwm.com/200808/DeBrays/index.html