Salomon Savery

Ut Wikipedy
Kopergravuere ynterieur fan de skouboarch fan Fan Kampen

Salomon Savery (Amsterdam, 1594Haarlim, nei 6 novimber 1666) wie in Nederlâns graveur en keunstskilder[1].

Salomon stamt út de Flaamske keunstnersfamylje Savery. Hy wie in soan fan de skilder Jacob Maertens Savery. Savery tekene en etste ûnder mear lânskippen, betinkingsprinten en portretten. Bekend fan him is bygelyks in skilderij út 1631 fan it Belis fan De Bosk. Hy makke ek in tal printen neffens in skilderij fan Rembrandt fan Rijn. Savery gravearre de titelprinten by in stikmannich toanielstikken fan Joost van den Vondel en makke 12 platen foar de yn 1657 ferskynde fertaling fan Don Quichotte fan Miguel de Cervantes.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. RKD