Salomo
Salomo (Hebriuwsk: שְׁלֹמֹה; ek: Jedidiah) wie neffens de Bibel (1 en 2 Keningen en 1 en 2 Kroniken) in wize kening fan Israel. Salomo wie de twadde soan fan kening David en Batsjêba. Alhoewol't Salomo net as earste rjocht op de troan hie, folge Salomo mei help fan de profeet Natan en Batsjêba syn heit David op. It regear fan Salomo fûn plak yn de perioade 970 oan 931 foar Kristus. De kening regearde oer it Feriene Keninkryk fan Israel, dat nei syn dea yn twaen opdield waard: it noardlike keninkryk Israel en it súdlike diel Juda.
De wiisheid fan Salomo
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wiisheid fan Salomo wie sprekwurdlik. Dy eigenskip krige Salomo fan God nei't er nei Gibeön gyng om te offerjen oan de Heare. Yn de nacht neidat de noch jonge kening offere hie, ferskynde God him yn in dream mei de fraach wat God him jaan koe. Salomo frege God om in opmerksum hert, sadat er goed rjochtsprekke koe en it goede fan it kweade ûnderskiede koe. Om't Salomo neat foar himsels frege en it antwurd de Heare befoel, waard Salomo net allinnich beleanne mei de wiisheid dy't hy frege, mar ek mei rykdom en oansjen. En mear as dat: at Salomo libje soe neffens God's geboaden soe er ek segene wurde mei in hege âldens.
Ien fan de bekendste foarbylden fan Salomo's wiisheid is miskien wol it oardiel dat er joech, doe't twa tsierende froulju foar him ferskynden. Beide froulju hiene in lytse poppe, mar ien dêrfan wie ferstoarn wylst de oare noch libbe. De twa froulju easken it noch libbene bern op as wie it harres. Salomo hiet doe om in swurd, dan koe in soldaat it noch libbene bern trochmidden snije en alle beide froulje in helte jaan. De test fan Salomo slagge: de iene frou fûn it in moaie oplossing fan it skeel en sei "lit it mines noch dines wêze en snij it mar midstwa", mar de echte mem woe fansels net heal hawwe dat har bern dea makke waard en smeke de kening om de poppe dan mar wei te jaan.
Salomo syn wiisheid die ek bliken út it tal spreuken en lieten fan syn hân. Tradisjoneel wurde de bibelboeken Spreuken, Preker, Heechliet en it apokryfe boek Wysheid fan Salomo oan Salomo taskreaun.
De froulju fan Salomo
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de Skrift hie Salomo 700 froulju en 300 byfroulju. Salomo hie Moabityske, Ammonityske, Sidoanyske, Edomityske en Hetityske froulju en sels in dochter fan de farao. De iennige frou dy't by namme neamd wurd is Naäma, in Ammonityske. Hja wie de mem fan Salomo's opfolger Rechabeäm. Salomo regearde it lân mei in foar dy tiid grutte ferdraachsumens en syn froulju mochten harren goaden yn eigen timpels fereare.
De keninginne fan Skeba
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rom fan Salomo rôp fier, sa fier dat sels de keninginne fan Skeba nijsgjirrich waard en út it fiere Etioopje mei in lange karavaan beladen mei goud, krûderijen en ealstiennen nei Salomo teach. De rykdom en de wiisheid fan Salomo en syn hiele entoeraazje makke in djippe yndruk op de keninginne en ferheard stelde hja fêst dat alles noch folle ymposanter wie dan hja tocht hie. De keninginne joech alle lof oan de God fan de Israeliten, dy't it lân mei sa'n wize en rjochtfeardige kening segene hie en Salomo fan syn kant joech de keninginne alles wat hja begearde (1 Keningen 10).
Etiopyske kristenen leauwe dat de keninginne fan Skeba swier rekke fan Salomo en in soan krige dy't de namme fan Menelik krige. Yn 'e âldens fan tweintich jier soe Menelik nei Jeruzalim west ha en yn 'e weromreis nei Etioopje de Arke fan it Ferbûn mei dêryn de stiennen tafels meinommen hat. Menelik bestjoerde in lân dat earst as it Joadske Ryk fan Etioopje en dêrnei it Kristilike ryk fan Etioopje regeard waard, oant keizer Haile Selassie yn 1974 ôfset waard. De arke waard nei Aksum brocht, dêr't in pryster syn libben lang de arke bewake moat.[1]
De timpel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it fjirde jier fan Salomo's regear sette de kening útein mei de bou fan de timpel. Syn heit David woe hjir mei begjinne, mar dat stie God net ta. Neffens de Skrift hie it bouwurk in hichte fan 30 jellen en in oerflak fan 60 jellen lang by 20 jellen breed. Earst kaam in foarhûs, dan de timpelromte en dêrnei it allerhillichste. Om de timpel en it hillichdom waard nochris in trije ferdjippings tellend bouwurk tafoege. De tagong waard flankearre troch mânske pylders mei bolfoarmige fersierde kapitelen. Eltse pylder hie in namme: de rjochter Jakin en de linker Boäz. Yn de timpelromte stie op in mei goud beleine flier in gouden alter, de gouden tafel dêr't it toanbrea op lizze moast en tsien gouden ljochters, fiif oan de noardlike kant en fiif oan de súdlike kant. It wie allegear goud dat blonk en foar it allerhillichste liet Salomo twa tsien jellen hege ingels út olivehout meitsje, dy't er mei goud belizze liet. Sân jier wiene de boumasters, de mitselders en keunstners oan it wurk en doe't de timpel klear wie waard de Arke fan it Ferbûn nei it allerhillichste oerbrocht. De arke krige in plak tusken de ingels, dy't wjukken hiene mei in spanwiidte fan tsien jellen (1 Keningen 6-8, 2 Kroniken 4). De timpel bleau likernôch 400 jier stean oant de ferwoastging fan Jeruzalim troch de Babyloaniërs yn 586 foar Kristus en de deportaasje fan de joaden nei Babyloanje.
Kening Salomo liet ek in nij paleis bouwe fan 100 jellen lang, 50 jellen breed en 30 jellen heech. Fanwegen de stilen en pylders fan sederhout waard it paleis ek wol it Wâld fan Libanon neamd. De bou hjirfan duorre 13 jier.
It gefolch fan de Salomo's sûnden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't Salomo âlder waard begûn Salomo ek te bûchjen foar de goaden fan syn froulju, lykas Astarte fan de Sidoaniërs en Milkom fan de Ammoniten. Yn Deuteronomium 17:16-17 stiet dat in kening gjin macht hynders oantuge litte mocht, likemin mocht in kening in soad froulju nimme en ek it garjen fan in protte sulver en goud wie ferbean. Salomo die dit alles tsjin God's gebod yn. It wie yn de eagen fan God in griis en God hie by de twadde ferskining oan Salomo nei de ynwijing fan de timpel noch sa dúdlik warskôge dat Israel net sparre wurde soe as God's geboaden en foarskriften net neilibbe waarden en oare goaden tsjinne waarden (1 Keningen 9:6-9). Benammen doe't Salomo ek offerhichten foar de frjemde goaden bouwe liet helle Salomo de grime fan God oer him hinne. God foarsei Salomo doe dat syn ryk útinoar falle soe en syn soan allinnich Juda erve soe.
De dea fan Salomo
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kening Salomo wie fjirtich jier kening fan Israel doe't er stoar. Hy waard yn Jeruzalim by syn heit beïerdige (1 Keningen 11:42-43). Syn soan Rechabeäm folge him op, mar tsien stammen fan Israel wegerje him as kening. Der ûntstiet twaspjalt en it Feriene Keninkryk wurdt út inoar skoard yn it noardlik diel ûnder Jerobeäm (it Tsienstammeryk) en it folle lytsere súdlike diel ûnder Rechabeäm. De twa keninkriken soene nea wer feriene wurde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|