Saint George Hare

Ut Wikipedy

St. George Hare (Limerick, 15 july 1857 - Londen, 1933) wie in Iersk keunstskilder. Hy wenne en arbeide it grutste part fan syn libben yn Londen.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Victory of Faith (1890)

Hare folge tekenjen en skilderjen oan de keunstskoalle yn syn berte plak. Hy krige dêr ûnderjocht fan Nicholas A. Brophy. Dêrnei studearre er fierder yn Londen (Súd-Kensington). Hy lei fral ta op akwarellen en oaljeferveskilderijen.

It skilderij Death of William the Conqueror smiet him in gouden medalje op en waard yn 1886 útstald yn de Royal Academy. Dêr hie er letter geregeldwei eksposysjes.

Yn 1890 makke er it skilderij The Victory of Faith ('de oerwinning fan it leauwe'), dat in Kaukasyske en Etiopyske frou sjen lit dy't op in bêd fan strie njonken elkoar lizze te sliepen.

Hare waard opnaam as lif fan it Royal Institute of Painters in Water Colours en it Royal Institute of Oil Painters. Hy eksposearre geregeldwei by dy twa ynstituten, mar ek op oare plakken. Yn 1891 stichte er de Chelsea Arts Club.

Hare sy wurk is tsjintwurdich te finen yn de kolleksjes fan de Limerick City Gallery of Art, de National Gallery of Ireland, it Victoria en Albert Museum, de Royal Hibernian Academy en de National Gallery of Victoria yn Melbourne.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]