Sacharías- en Elisabettsjerke (Tobolsk)

Ut Wikipedy
Sacharías- en Elisabettsjerke

Церковь Захария и Елизаветы

bouwurk
Церковь11.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Flag of Tyumen Oblast.svg Tjûmen
plak Flag of Tobolsk.svg Tobolsk
koördinaten 58° 11' N 68° 14' E
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1758-1776
arsjitekt Andrej Gorodnitsjev
boustyl Barok
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 7230002000

De Sacharías- en Elisabettsjerke (Russysk: Церковь Захария и Елизаветы; Tsjerkov Zacharija e Elizabety) is in otterdokse tsjerke yn de Russyske stêd Tobolsk. De tsjerke waard tusken 1758 en 1776 yn Sibearysk-barokke styl boud.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1752 waard yn opdracht fan de metropolyt Silvester yn Tobolsk de earste houten Sacharíastsjerke boud. Yn 1757 baarne dizze tsjerke ôf en as ferfanging waard de nije stiennen tsjerke boud.

De tsjerke waard ûnder lieding fan de út Sint-Petersburch ôfkomstige arsjitekt Andrej Gorodnitsjev boud en is lykas as de 'Opstanningstsjerke fan Tomsk yn de styl fan de Sibearyske barokke boud. It is in foarse, twa ferdjippings tellende tsjerke mei seis alters, dy't riker is oan dekoraasjes dan de oare tsjerken fan de stêd en ien fan de bêste foarbylden fertsjintwurdiget fan de Sibearyske barok.

Krekt as hast alle oare tsjerken fan de stêd waard de Sacharías en Elisabettsjerke yn 1930 ûnthillige. Fan alle Tobolsker tsjerken bleau allinnich de 'Tsjerke fan de Sân sliepende Jongeren fan Efeze' yn de kommunistyse tiid iepen. De Sacharías- en Elisabettsjerke waard troch de bolsjewiken plondere en it besit derfan oerdroegen oan de nije autoriteiten, dy't it gebou foar ferskate kommersjele doeleinden ferhierde. De toer waard foar in grut part ôfbrutsen.

Yn 1980 waarden der prikken yn it wurk steld om it gebou te behâlden. Yn 2008 folge in folsleine restauraasje fan it gebou. [1] Fan alle ikoanen yn de tsjerke wurdt it 'Ikoan fan alle Drôven' it meast fereare.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Захарии и Елизаветы (Тобольск)