Springe nei ynhâld

Opstanningstsjerke (Tomsk)

Ut Wikipedy
Opstanningstsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
oblast Tomsk
plak Tomsk
adres Ulitsa Oktjabrski 10
koördinaten 56° 29' N 84° 57' E
Arsjitektuer
boujier 1789-1803
boustyl Sibearyske barok
monumintale status Monumint fan Stêdebou en Arsjitektuer
monumintnûmer 721410018990006
Webside
Side fan 'e tsjerke
Kaart
Opstanningstsjerke (Ruslân)
Opstanningstsjerke

De Tsjerke fan 'e Opstanning (Russysk: Воскресенская церковь; Voskresensjaya tsjerkov) is in russysk-otterdoks tsjerkegebou yn 'e stêd Tomsk yn Ruslân. De tsjerke stiet op in heuvel, dy't deselde namme hat as de tsjerke. De tjerke heart ta de moaiste foarbylden fan 'e Sibearyske barok.

Oarspronklik waard de tsjerke yn 1626 fan hout boud op de grûn fan it Untsliepeniskleaster, dat yn dat jier opheft waard. Stifter fan de tsjerke wie Syprianus, sûnt 1620 de earste biskop fan Tobolsk-Sibearje, dêr't Tomsk doe ûnder foel. Fanwegen brekfalligens en brannen moast de tsjerke ferskillende kearen op 'e nij boud wurde. Sa ek yn 1789, doe't Egor Domonevski en Petrov Baranov besletten om de tsjerke fan stien wer te bouwen. Dy tsjerke waard yn 1807 foltôge en stiet noch jimmeroan op syn plak.

De tsjerke foar de revolúsje

Tsjin it ein fan de 19e iuw waard de boppetsjerke ferboud en ferwaarming oanbrocht. Dat wie mooglik troch jeften fan parochianen en rike keaplju fan 'e stêd.

Yn 1897 waard in aparte klokkestoel foar de goed 16 ton swiere tsaarklok tafoege.

Njonken de tsjerke waarden yn 1922 alle weardefolle saken lykas krusen, de kroanluchters, de liturgyske saken en oare saken fan wearde yn beslach nommen. De tsareklok waard yn 1930 ferwidere en tegearre mei oare klokken fan Tomsker tsjerken omraand.

De plondere tsjerke waard op 4 augustus 1936 sletten, mar op fersyk fan de parochianen 21 dagen letter wer iepene. Op 3 novimber dat jier waard de tsjerke lykwols definityf sletten. Sûnt krige it gebou ferskillende funksjes en tsjinne it gebou as garaazje en pakhûs foar nôt. Yn 1940 drige de ôfbraak fan de hiele tsjerke. De klokkestoel, houten gebouwen en it hek om 'e tsjerke binne doe ferneatige, mar ta de sloop fan de de tsjerke kaam it net. Yn 'e oarlochsjierren waarden oerheidsargiven út it fiere easten fan it lân yn 'e tsjerke opslein, foar it gefal dat Japan de Sovjet-Uny oanfalle soe.

Op fersyk fan 'e lokale autoriteiten joech it Ministearje fan Kultuer fan 'e Russyske Sosjalistyske Federative Sovjetrepublyk yn 1977-1979 jild foar de restauraasje fan 'e Opstanningstsjerke as ien fan 'e meast opfallende monuminten fan de Sibearyske stienarsjitektuer. Allinne de gevels fan it gebou waarden restaurearre, it ynterieur koe net restaurearre wurde om't dat noch brûkt waard as argyf.

De klok yn 'e rekonstruearre klokkestoel

De tsjerke waard yn 1995 wer oerdroegen oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke en op 16 augustus 1995 op 'e nij ynwijd en der folge doe in nije restauraasje.

De klokkestoel waard yn 2000 rekonstruearre en yn 2004 waard in replika fan de tsareklok werom hongen yn 'e klokkestoel.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Воскресенская церковь (Томск)