Sabine Hagedoren
Sabine Hagedoren (Bornem, 1968) is in Belgyske waarfrou dy't foar de Flaamske stjoerders fan de VRT wurket.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Se is ôfstudearre lisintiaat skiekunde oan de eardere Universitaire Instelling Antwerpen (UIA). Dêrnei wie hja sân jier leararesse wittenskippen yn it sekundêr ûnderwiis. Doe't Bob De Richter en Peggy De Meyer opholden mei it waarberjocht op telefyzjestoerder Ien, kaam der plak frij foar in nijeënien en Sabine waard nei in sollisitaasje oannaam. Yn 1997 joech sy har wurk as leararesse oer om foar fêst waarfrou te wurden.
Letter presintearre hja ek ferskate oarsoartige programma’s, ûnder oaren it konsuminteprogramma Klant en Klaar en Vlaanderen Vakantieland.
Persoanlik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sabine wie troud mei Jurgen Janssens († 2016). Sy krigen twa bern, in jonge, Lars (18 jannewaris 2006) en in famke, Lise (16 juny 2007).