SS Great Eastern
De Great Eastern wie in yn syn tiid kolossaal syl-stoomskip dat yn 1859 boud waard neffens in ûntwerp fan de ferneamde Britske yngenieur Isambard Kingdom Brunel.
It skip waard boud by J. Scott Russell & Co. yn Millwall oan de Teems, Londen. Op it stuit dat sy te wetter litten waard yn 1858 wie it fierwei it grutste skip dat ea makke waard. Sy hie kapasiteit foar 4000 passazjiers en koe de wrâld omsile sûnder te bunkerjen. Wat har lingte fan 211 meter oanbelanget waard sy alline foarby stribbe troch de 214,5 m lange, 17.274 brutoton RMS Oceanic út 1899, en wat har brutotonaazje fan 18.915 oangiet alinne troch de 207,53 m, 21.035 brutoton RMS Celtic út 1901.
Brunel neamde it skip "Great Babe". Hy stoar yn 1859, koart nei har earste feart, wêrby't sy swier skansearre rekke troch in ekplodearjende tsjettel. Nei de reparaasje tsjinne sy ferskate jierren as passazjiersskip tusken Brittanje en Amearika en waard doe omboud as kabellizzer foar it oanlizzen fan de earste transatlantyske telegraafkabel yn 1866. Letter wie sy in driuwende music hall (foar it ferneamde warehûs Lewis's) yn Liverpool en yn 1889 gie se nei de sloper.
Brunel hie foar de Great Western Railway Co. al earder twa skippen boud, de Great Western en de Great Britain,
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Great Eastern on thegreatoceanliners.com
- (in) The building of the Great Eastern. by Southern Millwall: Drunken Dock and the Land of Promise, pp. 466–480, Survey of London dielen 43 en 44, redaksje Hermione Hobhouse, 1994.
- (in) Great Eastern en kabellizzen
- (in) Koarte beskriuwing fan de Great Eastern
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Great Eastern fan Wikimedia Commons. |