SS Great Western

Ut Wikipedy
SS Great Western (1882)
SS Great Western skildere fan Joseph Walter (1783–1856), om 1843

De Great Western wie in stoomskip dat yn 1838 boud waard nei in ûntwerp fan Isambard Kingdom Brunel.

It skip farde fan 1838 oant 1842 fan Bristol nei New York, mar waard fan 1842 ôf ynset op de rûte Liverpool-New York. Doe't de Great Western Railway Co. yn 1846 faillyt gong troch de strâning fan de Great Brittain, waard it skip ferkocht oan de Royal Mail Steam Packet Co., ofwol de Royal Mail Line. Yn 1854 waard it skip opeaske troch it Britske gûvernemint om te tsjinjen as troepeskip. Doe't de Great Western yn 1856 weromgie nei har eigners, hiene dy gjin belang mear by it 18 jier âlde skip en waard it foar de sloop ornearre.

Feiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lingte: 64,8 m
Breedte: 10,8 m
Tonnaazje: 1340 brt
Bouwers: William Patterson
Konstruksje: Hout
Skoarstiennen: 1
Masten: 4
Faasje: 9 knopen (sa'n 16,5 km/o)
Oandriuwing: 2 schepraderen
Passazjiers: 148

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]