Springe nei ynhâld

Sudergoa

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Súdergoa)

Sudergoa wie yn de iere Midsiuwen, tegearre mei Westergoa en Eastergoa ien fan de trije goaen yn de provinsje Fryslân. Ornaris wurdt oannaam dat Wymbrits part fan Sudergoa west hat. Fan de 13e iuw ôf wurdt der net mear skreaun oer Sudergoa, fan dy tiid ôf heart Wymbrits by Westergoa.

Frankyske oarsprong

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Frankyske tiid waard skreaun oer in goagreefskip mei Starum as sintrum. Yn lettere skriften is ek sprake fan greefskip Starum. De namme Sudergoa soe dan in ferwizing west hawwe kind op de lizzing neffens de oare goaen yn de omkriten, Westergoa en Eastergoa.

De âldste fermelding fan it goa datearret út 845 as skreaun wurdt oer in skinking fan lân oan it kleaster Werden lizzend yn Sudergoa. Yn 1006 krige Liudolf fan Brunswyk de Fryske goaen yn hannen en waard Sudergoa in part fan Greefskip Mid-Fryslân.

Greefskip Starum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn in dokumint út 1086 wurdt skreaun oer de jefte fan greefskip Starum oan de biskop fan Utert. De grûn foar dizze nammewiziging soe wêze kinne dat in grut part fan it greefskip Sudergoa tusken 845 en 1086 ferlearn gongen wie.

Dat soe west hawwe kinne trochdat it greefskip lân hie dêr't de Sudersee him foarme. In oare mûglikheid soe wêze dat de oare helte fan Sudergoa as Boarnegoa selsstanniger waard. At it greefskip yndie in grut part fan it lân ferlern hie, dan soe it lytsere gebiet om Starum dêrom as Greefskip Starum oantsjut woarn wêze kinne.