Springe nei ynhâld

Rypkemastate

Ut Wikipedy
Roardastate

Rypkemastate wie in state yn de buorskip Aalsum ûnder Akkrum, gemeente Boarnsterhim. Op it terrein fan de states Roarda en Rypkema stiet in pleats dy't Roardastate neamd wurdt.

De state is mooglik al yn de 14e iuw ûntstien. De famylje Rypkema yn Utingeradiel en har machtsbasis yn Aalsum is nijsgjirrich omdat se troch in tafallige geunstige boarnenoerlevering in foarbyld jout fan in laach fan lytse haadlingen op de grins van Utingeradiel en Idaarderadiel. De âldste fermelding fan de Rypkema's is fan 1427. Doe die Sywrd Riipkama, parochiaan yn Aalsum, ôfstân fan oanspraken op guod yn Burstum. Meardere neisieten fan him binne bekend. It byld dat him ôftekent is dat fan in famylje mei grûnbesit yn feskaat guod ûnder Aalsum, yn de oangrinzjende gritenij Idaarderadiel, yn Burstum en yn Eagmaryp. It oansjen fan de famylje blykt ek út it brûken fan eigen segels, ek op fersyk fan oaren, en út it feit dat se geastliken fuortbrocht dy't yn omlizzende doarpen benefysjes wisten te krijen.

Yn 1449 waard binnen de famylje boelguodde, wêrby't it besit yn Burstum oan Stennert Sjoerds kaam, it besit yn Eagmaryp oan syn bruorren en susters. It Burstumer besit waard dêrnei diels oan de Wiarda's yn Goutum oerdroegen, dy't it úteinlik oan it kleaster Aalsum skonken. It Eagmarypster guod is oant yn de 16e iuw diels te folgjen as Mollastate, nei in typearjende foarnamme dy't der by in staach fan de Rypkema's foarkaam. It "stamhûs" fan de famylje liket yn de 15e iuw yn Aalsum lein te hawwen. Dêr wenne de stamfaar Sywrd Riipkama yn 1427. In 1455, 1470 en 1491 hienen de Rypkema's dêr belangen yn Hottingaguod by Hottingasyl, in strategysk plak.. En yn 1455 ruilen se lân op de terp yn Aalsum en yn Gerbrandisma guod dêre. Op it lêst wie yn 1471 in pakesizzer fan Sywrd mei har man woenachtich toe Roerda by Aelsim. Oan de ein fan de 15e iuw lykje de Rypkema's "gewoane boeren" wurden te wêzen. De konkurrinsje mei de gruttere haadlingen yn de streek, lykas de Oenema's, Douwama's en Wiarda's hawwe se net folhâlden. It guod yn Burstum en Hottinga te Aalsum kamen úteinlik oan it kleaster Aalsum; Roardastate yn Aalsum oan de Jakobinen fan Ljouwert, wêrnei't it nei de Reformaasje oan it Sint Anthony Gasthûs kaam. De brûkers fan de pleats, grif gearfoege mei Roordastate, wienen yn 1640 Thomas Dirx en Rommert Dirx, en yn 1698/1700 en 1728 Claas Aukes. It guod wie doe 104 pûnsmiet grut (rom 38 hektare).

  • 1427 Sywrd Riipkama
  • Sint-Antonygasthûs

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • De Stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, P.N. Noomen, Utjouwerij Verloren, Hilfertsom, 2009