Springe nei ynhâld

Ruurdtsje de Haan

Ut Wikipedy

Ruurdtsje de Haan (Boerum, 4 desimber 1961) is in Frysk skriuwster.

Dichtet nei har fjirtichste yn it Frysk. Hja hâldt fan de natuer en ferdjippet har yn ‘e wrâld om har hinne. Sij hat dêr in eigen sicht op. Wurk fan Ruurdtsje de Haan is te finen yn de literêre tydskriften Hjir en De Moanne. Fierder binne der Nederlânske fersen publisearre yn it ynternettydskrift Meander.

Ut en troch draacht hja foar út eigen wurk, meast op fersyk, foar it lêst op radio Noordoost Friesland te Dokkum yn febrewaris 2003. Ruurdtsje wurke mei oan it útjaan fan twa ynternet sammelbondels (skriuwers fan PoetryAlive!). Har Nederlânske wurk is te finen ûnder it pseudonym Miranda Mei.

Yn 2005 wûn Ruurdtsje de Haan mei har gedichtebondel Onaris de Fedde Schurer-publykspriis.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]