Springe nei ynhâld

Rudolph Cleveringa

Ut Wikipedy
Rudolph Cleveringa
Cleveringa by de betinking fan it Keunstnersferset (1965)
Cleveringa by de betinking fan it Keunstnersferset (1965)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Rudolph Pabus Cleveringa
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 2 april 1894
berteplak Appingedam
stoarn 15 desimber 1980
stjerplak Oegstgeest
wurkpaad
aktyf as heechlearaar rjochten

Rudolph Pabus Cleveringa (Appingedam, 2 april 1894Oegstgeest, 15 desimber 1980) wie in Nederlânske heechlearaar rjochten. Op 26 novimber 1940 protestearre hy yn in rede tsjin it dien krijen fan joadske kollega's.

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cleveringa waard berne yn Appingedam. Doe't er fjouwer wie, ferhuze de hûshâlding nei It Hearrenfean. Dêr krige er kunde oan de lettere minister fan Bûtenlânske Saken Eelco van Kleffens. Cleveringa helle de hbs yn Grins, die doe steatseksamen gymnasium, en studearre tagelyk mei Van Kleffens oan de Universiteit Leien. Hy die yn juny 1917 syn doktoraaleksamen en promovearre yn 1919 cum laude. Syn dissertaasje, De zakelijke werking van de ontbindende voorwaarde, hie in sterk rjochtshistoarysk karakter.

Nei in skoftke as rjochter te Alkmaar, waard er yn 1927 oansteld as heechlearaar hannelsrjocht en boargerlik prosesrjocht oan de universiteit yn Leien. Dêr hold er op 26 novimber 1940 in rede dy't him ferneamd makke, hy protestearre tsjin it troch de Dútske besetter oankundige ûntslach fan syn learmaster en kollega prof. Eduard Maurits Meijers en oare joadske kollega's. Cleveringa waard troch de Sicherheitspolizei oppakt en oant yn de simmer fan 1941 fêstholden yn Oranjehotel, de finzenis fan Scheveningen. De Leidske studinten hawwe doe besletten ta in staking, mei fan gefolgen dat de universiteit sletten waard. Yn septimber 1945 waard er wer iepene. Yn 1944 waard Cleveringa as gizeler opsletten yn Kamp Vught. Neifolgjend wie er by it College van Vertrouwensmannen dat it ferset koördinearre.

Nei de oarloch en erfskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de oarloch waard Cleveringa wer heechlearaar te Leien. In 1946 wie er earepromotor by it ferlienen fan in earedoktoraat oan sir Winston Churchill yn de Leienske Pitertsjerke. Yn 1958 gong er mei emeritaat. Hy waard lid fan de Ried fan Steat, oant 1963, en doe steatsried yn bûtengewoane tsjinst. De Universiteit Leien hat de Cleveringa-learstoel ynsteld en organisearret elts jier de Cleveringa-oraasje, omdat Cleveringa troch syn rede it motto fan de universiteit ‘Praesidium libertatis’ (Bolwurk fan de frijheid[1]) op ymposante wize stâl joech. Elts jier organisearret it Leids Universiteits Fonds op of om 26 novimber de Cleveringalêzingen op tal fan plakken op de wrâld. Hy waard troch de lêzers fan Mare, it Leienske universiteitsblêd, keazen ta de grutste universtêre "Leienaar". Cleveringa ûntfong fan it Amerikaanske regear op 8 april 1953 de 'Medal of Freedom' foar syn fersetswurk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Laudatio eredoctoraat koningin in deze context van opkomen voor de vrijheid