Springe nei ynhâld

Rots fan Afrodite

Ut Wikipedy
Rots fan Afrodite.

De Rots fan Afrodite of de Rots fan 'e Romeinen (Gryksk: Πέτρα του Ρωμιού, Petra tou Romiou; Rots fan 'e Romeinen) is in brâningspylder oan 'e kust fan Syprus. De rots leit likernôch 25 kilometer eastlik fan Pafos. Minsken dy't oan 'e kust fan Limasol nei Pafos of oarsom reizgje, sjogge de rots fan de wei ôf yn 'e see lizzen. It is ferbean om de rots te beklimmen.

Neffens leginden waard Afrodite, de goadinne fan 'e skientme, by de rots út 'e weagen fan 'e see berne. Syprioaten neame harren lân dêrfandinne faak "it eilân fan Aphrodite".

Alhoewol't de see dêr oer it generaal rûch is en it net altiten oan te rieden is om dêr te swimmen, bestiet der in leginde dat in folle slach om 'e rots hinne segene wurdt mei fruchtberens en ivige skientme.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rots fan Afrodite fan Wikimedia Commons.