Ron Popma

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Van de backtees op Broekpolder

Rinze Adriaan (Ron) Popma (Drachten, 7 desimber 1941) is in eardere ynternasjonal sporter, dy't him earst talei op de atletyk. Letter stapte hy oer op squash. Yn beide dissiplines is hy foar it Oranjeteam útkomd.

Squash[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de jierren santich spile Popma squash, yn deselde tiid as Robert Anjema.

Atletyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As atleet lei Ron Popma, dy't lid wie fan de Haachse atletykferiening Vlug en Lenig, lei him ta op de sprintnûmers, wêrby't hy yn de jierren sechtich namme makke. As ien fan de fjouwer atleten fan de 4 x 100 m estafetteploech fan syn klup ferovere hy yn 1964 de nasjonale clubtitel. In jier letter fêstige hy as lid fan de nasjonale estafetteploeg twarres in nasjonaal rekord op de 4 x 100 m. Yn beide jierren wie hy ek dûbelkampioen (100 én 200 m) fan Súd-Hollân.

Persoanlike atletykrekords[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dissipline Prestaasje Datum Plak
100 m 10,6 s 14 augustus 1965 Grins
200 m 21,5 s 15 augustus 1965 Grins

Golf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In 1975 waard hy lid van Orange All Stars, dêr't hy mei oare âld-ynternationals golf spile, mar pas om syn fjirtichste begûn hy serieus te spyljen en al gau hie hy hcp 4.

Popma is lid op Broekpolder en Rozenstein, dat ticht by syn hûs leit. Op Broekpolder waard hy klupkampioen in 1991, en senioarekampioen yn 1997 en 1998 en 2008.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ron Popma, dy't yn Wassenaar in yn- en eksportbedriuw hat yn bakkerijgrûnstoffen, krige syn ropnamme 'Ron' troch in neef fan him mei deselde foarnamme as hy: Rinze.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wurkgroep Statistyk KNAU (1994) Atletiekstatistiek Aller Tijden KNAU
  • Heere, A. en Kappenburg, B. - 1870 – 2000, 130 jaar atletiek in Nederland Groenevelt b.v. (2000) ISBN 90 90 12867 0
  • Konings, C. (12-07-2008), KNAU-argivaris
  • Popma, R.A. (13-08-2008)