Roggenprip
Roggenprip is brij fan groumealde rogge. De rogge waard meast meald yn in kofjemole.
Roggenprip fan roggenmoal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Resept
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Rier it moal mei wat molke of wetter yn in brij. Bring de molke oan ‘e kôk.
- As it siedt, de brij der rierendewei by dwaan. Sâlt der by en de brij yn sawat 8 minuten gear koaitsje.
- As it gear is, in klûntsje bûter of rizel tafoegje. Swietsje nei smaak.
- Der waarden earder ek wolris gear seane droege apels troch de roggenprip dien.
Rogge
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rogge waard ek in soad brûkt troch boeren op earmere grûn, benammen dyjingen dy't sels rogge ferbouden. Yn de Achterhoek, Twinte en Drinte wie it ien fan de fêste brijsoarten.
Rogge wie lange tiid it wichtichste nôt foar it bakken fan bôle yn Nederlân. It waard hjir grif al yn de Brûnstiid ferboud. Rogge wurdt meastentiids as wintergewaaks ferboud op sân- en dellegrûnen. Rogge waard minder wichtich troch de opkomst fan weet. Mar der wurde noch in protte soarten roggebrea fan bakt en it is it basisyngrediïnt foar moarnkoeke en krûdkoeken.
Yn it ferline waard roggenbrea al brûkt om brij fan te meitsjen. Mar it nôt waard ek sa sean of as moal brûkt om brij te meitsjen.
Breake
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op rogge kaam yn de Midsiuwen geregeldwei de breake (Claviceps purpurea; Nederlânsk; moederkoorn). Dy skimmel waard wol brûkt om weeën te stimulearjen, dêrom de Nederlânske namme. Mar it iten fan in protte mei breake besmette rogge levere fergiftiging op. Benammen yn 'e Midsiuwen kamen faak fergiftigings mei besmette roggemoal foar, dy't hiele doarpen of stêden trof. De fergiftige stoffen út de skimmel late ta ergotisme, ek wol Sint-Antoniusfjoer of kriuwelsykte neamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |