Springe nei ynhâld

Roelof Schuiling

Ut Wikipedy
Roelof Schuiling
Roelof Schuiling, 70 jier
Roelof Schuiling, 70 jier
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 27 maaie 1854
berteplak Annen
stoarn 21 juny 1936
stjerplak Dimter
wurkpaad
berop/amt Underwizer
reden
  bekendheid
Pionier histoaryske geografy

Roelof Schuiling (Annen, 27 maaie 1854Dimter, 21 juny 1936) wie in Nederlânsk learaar ierdrykskunde. Hy wie, mei Hendrik Blink en Willem Bouwmeester, in pionier fan de histoarysk-geografyske stúdzje fan it Nederlânsk sângebiet.

Schuiling waard yn 1854 yn it Drintske Annen berne as soan fan de lânbouwer Jan Warners Schuiling en Hinderkien Houwing. Op it doarpsskoaltsje fan Annen, waard er bespeure troch Hendrik Jan Nassau, skoalopsjenner fan it leger ûnderwiis yn Drinte. Dy stimulearre him om troch te learen en holp him oan in ryksbeurs.[1] Dêrtroch koe er de normaalskoalle yn Meppel folgje. Nei it beheljen fan syn eineksamen yn 1872 waard er ûnderwizer yn Meppel. Letter stie er ûnder mear oan skoallen yn Oldeboorn en Wildervank. Yn 1879 ferhuze er nei Dimter, dêr't er les joech oan de rykskweeksskoalle, de MMS, HBS en it Steedlik Gymnasium.

Hy publisearre yn 1884 Aardrijkskunde van Nederland, in wurk dat mear as ien kear werprinte waard en beskôge wurdt as in wichtich standertwurk foar de oplieding fan geografen yn de perioade foar de Twadde Wrâldoarloch.[2] Nij wie dat syn behanneling fan Nederlân yndield waard op basis van de natuurlijke gesteldheid. Schuiling sie dêroer: "De aard van den bodem is de diepstliggende oorzaak van het verschillend voorkomen der afzonderlijke landschappen van ons vaderland".[2]

Hoewol't Schuiling nea sels yn Nederlânsk-Ynje west hie waard er dochs beskôge as in Ynjesaakkundige. Yn Schoolkaart van Insulinde fan syn hân liet er syn geografysk witten fan dy arsjipel sjen.

Schuiling boaske op 17 augustus 1878 yn Grins oan Johanna Rodenburg. Ut dat houlik waard ûnder oaren Dirk Schuiling berne. Hy stoar yn juny 1936 yn de âldens fan 82 jier yn syn wenplak Dimter.

Bibliografy (karút)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Aardrijkskunde van Nederland, De Erven J.J. Tijl, Swol, 1884 (1936, sechde druk as Nederland: handboek der aardrijkskunde)
  • Nederland tusschen de tropen: aardrijkskunde onzer koloniën in Oost en West, De Erven J.J. Tijl, Swol, 1889
  • Schoolatlas van de geheele aarde, uitg. Thieme, Zutphen, 1889 (tegearre mei A.A. Beekman)
  • Algemeene aardrijkskunde ten dienste van het onderwijs en voor zelfstudie, twee delen, Thieme, Sutfen, 1900
  • Schoolatlas van Nederland en zijne overzeesche bezittingen, W.J. Thieme & Cie, Sutfen, 1900 (mei A.A. Beekman, werprintinge fan in earder troch Beekman yn 1889 útbrochte ferzje)
  • Neerlands koloniën: beknopte handleiding ten dienste van het onderwijs, 2e druk, Thieme, Sutfen, 1907 (1e druk 1898)
  • Nederlandsche landschappen: aardrijkskundige wandplaten van Nederland, Noordhoff, Grins, 1912 (mei J.M. de Feijter)
  • Leerboek der economische aardrijkskunde van het koninkrijk der Nederlanden, twa dielen (1. Nederland en 2. Nederlandsch-Indië, Suriname en Curacao), útj. Sutfen, 1927
  • De St. Pietersberg, útj. Noordhoff, Grins, 1929 (tegearre mei J.P. Thijsse)
  • Beknopte aardrijkskunde van Nederland, de 12e druk ferskynde yn 1930

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Spek, Th. Het Drentse esdorpenlandschap, een historisch-geografische studie, útj. Matrijs, Utert, 2004
  • Mulder, G.J.A. R. Schuiling yn: Eigen Haard d.d. 20 maaie 1924 b.g.f. de santichste jierdei fan Schuiling

Noaten

  1. Mulder 1924
  2. 2,0 2,1 Spek 2004:86