Robert fan Bruce, hear fan Liddesdale

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Robert fan Bruce
Crown linear.svg ealman en/of hearsker
nasjonaliteit Royal arms of Scotland.svg Skotsk
bertedatum ±1300
berteplak ? (Skotlân)
stjerdatum 11 augustus 1332
stjerplak Dupplin Moor (Skotlân)
dynasty Hûs Bruce
etnisiteit Flag of Normandy.svg Normandysk
Flag of Scotland.svg Skotsk
Flag of Ireland.svg Iersk
hear fan Liddesdale
amtsperioade 13201332
foargonger Willem fan Soulis
opfolger (opgien yn 'e Skotske Kroan)

Robert fan Bruce, hear fan Liddesdale (Ingelsk: Robert Bruce; Normandysk-Frânsk: Robert de Brus; yn Skotlân, ±1300Dupplin Moor (Skotlân), 11 augustus 1332) wie in oerwûne soan fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Liddesdale waard omtrint 1300 berne as de oerwûne soan fan Robert de Bruce, dy't yn 1306, ûnder de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, as Robert I op 'e Skotske troan komme soe, en in ûnbekende mem. Yn 1314 waard er troch syn heit ta ridder slein op it slachfjild fan Bannockburn, wêrnei't er it keninklik wapen fan Skotlân fiere mocht. Nei't de ridder Willem fan Soulis yn 1320 troch it Skotske parlemint skuldich befûn waard oan ferrie, beliende kening Robert syn soan mei de fan Soulis yn beslach nommen hearlikheid Liddesdale.

Nei de dea fan kening Robert, yn 1329, briek yn 'e simmer fan 1332 de Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch út, doe't de saneamde 'Unterfden', in groep Skotske eallju dy't al har besittings kwytrekke wiene om't se it yn 'e earste oarloch mei de Ingelsen holden hiene, Skotlân binnenfoelen, ûnder lieding fan Edwert fan Balliol en mei stipe fan 'e Ingelske kening Edwert III. Dêrby besochten Liddesdale en Duncan IV, greve fan Fife, om 'e nocht en hâld de lâning fan 'e fijân op 'e Skotske kust by Kinghorn, yn Fife, tsjin. Neitiid rekke Liddesdale deilis mei Donald II, greve fan Mar, de doetiidske beskermhear fan Skotlân, dy't it lân regearre yn it stee fan Liddesdale syn minderjierrige healbroer David II fan Skotlân.

Op 11 augustus 1332 fûn de Slach by Dupplin Moor plak, wêrby't it Skotske regearingsleger it opnaam tsjin 'e ballingen en hierlingen fan Edwert fan Balliol, en dêrby ferrassend in swiere nederlaach litte. Robert fan Bruce, hear fan Liddesdale, kaam yn dy slach om doe't er in oanfal fan it Skotske hynstefolk late. Yn deselde slach sneuvele ek Donald II fan Mar, sadat Skotlân yn dusoarder efterbleau. Liddesdale wie net troud en hie ynsafier bekend gjin bern. Der wurdt wol tocht dat Tomas fan Bruce, 1e baron fan Clackmannan, syn soan wie, mar dat is net mear as in teory, mei't der gjin bewiis foar bestiet.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.