Springe nei ynhâld

Robert A. Heinlein Award

Ut Wikipedy
Robert A. Heinlein Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar science fiction-literatuer
útrikt troch Baltimore Science Fiction Society
frekwinsje 1x jiers
datum ein maaie
plak Baltimore (Marylân)
ynsteld 2003
offisjele webside
www.bsfs.org/bsfsheinlein.htm

De Robert A. Heinlein Award is in Amerikaanske literatuerpriis dy't elts jier oan 'e ein fan maaie útrikt wurdt "foar treflike publisearre wurken op it mêd fan science fiction en technyske skriuwerij om de minske te ynspirearjen en ferken it hielal." De priis draacht de namme fan 'e ferneamde en mannichfâld bekroande Amerikaanske science fiction-skriuwer Robert A. Heinlein (1907-1988), en waard yn 2003 ynsteld troch it Heinlein Genoatskip.

De útrikking wurdt dien yn it lêste wykein fan maaie (it Memorial Day-wykein) troch de Baltimore Science Fiction Society (BSFS) op harren jierlikse science fiction-konvinsje Balticon, te Baltimore. De Robert A. Heinlein Award kin takend wurde oan ien of mear winners tagelyk, en bestiet út in sulveren medalje mei dêrop Heinlein syn byltenis, makke troch keunstner Arlin Robbins, oan in lint yn 'e Amerikaanske nasjonale kleuren read-wyt-blau. Under de skriuwers dy't de priis alris wûnen, binne Larry Niven en Jerry Pournelle (2005) en Anne McCaffrey en Elizabeth Moon (2007). Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.