Springe nei ynhâld

Rob Meines

Ut Wikipedy
Rob Meines yn 1987

Rob W. Meines (1945) is managing partner fan Meines & Partners, in lobbykantoar yn De Haach. [1]. Oant 1994 wie hy sjoernalist, ûnder mear by inkele lokale en regionale kranten en it NOS Sjoernaal.

Meines folge it Slauerhoff College yn Ljouwert en in stúdzje politike wiisbegearte, mei as byfakken mediasosjology en polemology, oan de Ryksuniversiteit Grins. As sjoernalist wurke hy by de Friese Koerier, de Ljouwerter Krante en de Universiteitskrante Grins. Fanôf 1979 wurke hy foar NRC Handelsblad as Jeropa-redakteur en NAVO-korrespondint, ûnder oare yn Brussel. Yn de perioade 1983-1990 wie hy korrespondint yn Dútslân foar NRC Handelsblad en NOS Journaal.

Hy kaam werom nei Nederlân as diplomatyk en polityk redakteur yn De Haach. Yn 1992 waard hy winner fan de Anne Vondelingpriis foar politike sjoernalistyk, de ienige priis foar politike sjoernalistyk yn Nederlân, foar syn artikels oer de komplisearre relaasje tusken Nederlân en de Jeropeeske Uny.

Meines is mei-organisator fan it jierlikse útwikselingsprogramma tusken Nederlânske en Dútske sjoernalisten, it Dútsk-Nederlânsk Sjoernalistenstipendium (JDN), yn gearwurking mei it Ministearje fan Bûtenlânske Saken. Yn 1994 waard hy troch de Dútske presidint Roman Herzog ûnderskieden foar syn sjoernalistike wurk yn Dútslân. Yn 1998 waard him de Nederlânske Otto von der Gablentzpriis (ferneamd nei de Dútske diplomaat Otto von der Gablentz) útrikt.

  • Duitsland Duitsland. Kracht en Zwakte van een Volk

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: