Springe nei ynhâld

Rob Bontje

Ut Wikipedy
Rob Bontje
sporter
Rob Bontje (2011)
Rob Bontje (2011)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Johannes Cornelius Bontje
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 12 maaie 1981
berteplak Grevenbicht
lingte 2,06 m
gewicht 94 kg
sportive ynformaasje
sport Follybal
O.S. Atene 2004
debút 2001

Johannes Cornelius ('Rob') Bontje (Grevenbicht, 12 maaie 1981) is in Nederlânsk follybalspiler. Bontje wennet tsjintwurdich yn Geleen. Hy die foar Nederlân mei oan de Olympyske Spullen fan 2004 yn Atene, dêr't er mei syn ploech as njoggende einige yn it einklassemint. Op 1 oktober 2010 hat Bontje 229 wedstriden spile foar de Nederlânske ploech. Ek is er oanfierder fan de nasjonale ploech.

Syn karriêre as professjoneel follyballer begûn yn Nederlân by SSS Barneveld, dêrnei spile er by Nesselande Rotterdam. Dêrnei gie er nei Itaalje, dêr't er foar ferskate Lega Volley A-teams útkaam.

Bontje waard yn it seizoen 2009-2009 yn de kompetysje fan Itaalje kroane ta bêste blokkearder, bêste middenoanfaller opslagger en de op ien nei bêste middenoanfaller. Tusken midden 2009 en midden 2011 spile er by Sisly Treviso. Yn maart 2011 hat Bontje, mei ûnder oare Robert Horstink, de Europeeske CEV Cup wûn. De earste wedstriid waard mei 3-2 ferlern yn Poalen by Zaksa Kedzierzyn-Kozle, yn eigen hûs waard wûn mei 3-1. Doe moast in saneamde 'golden set' in beslissing bringe. Dêryn wie Treviso mei 15-11 de sterkste, it beslissende punt waard makke troch middenoanfaller Bontje.[1] Heal 2011 makke er de oerstap nei Poalen, hy sil spylje foar Jastrzebski Wegiel[2].

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: