Roardastate (Ginnum)
Roardastate stie bewesten de tsjerke fan Ginnum yn de gemeente Ferwerderadiel. Op it stee fan de eardere state stiet no in pleats.
De stins is grif ûntstien foar 1300, Algra skriuwt yn 1957 in "De historie gaat door het eigen dorp": dat by Ginnum twa aadlike huzen stienen, wylst Reitsum ien hie: Roordastate en Aylvastate by Ginnum en Staniastate ûnder Reitsum. Op it stee fan de stinzen stienen doe mânske pleatsen. Oan de grutte fan it hôf en stikken fan de grêft is te sjen dat hjir eartiids net samar in pleats stie.
Roarda's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Roarda wie in foaroansteand laach. Goed besjoen wienen it trije: de Roarda’s fan Tsjummearum, dy't in heale moanne yn it wapen fierden, de Roarda’s mei de bier, dy't ûnder oare yn Kûbaard wenne hawwe en dan de Roarda’s fan Ginnum, dy't in kop fan in 'Moriaan' mei tulbân yn harren blazoen droegen. De familys sille grif wer family fan elkoar wêze, mar soks is min oan te toanen. De heale moanne en de Moriaan dogge tinken oan de krústochten. Yn 1224 soenen bygelyks in Ruurd en in Johan Roarda nei it Hillige Lân gien wêze mei it leger, dat oanfierd waard troch de hartoch fan Brabân. Johan sneuvele dêr, mar Ruurd kaam werom, sa sizze de âlde ferhalen.
"De kop fan de Moar yn it wapen fan de Ginnumer Roarda’s, sa wurdt ferhelle, is ek te tankjen oan de krústochten. Ien fan de Roarda’s koe as David de smaadtaal en útdagings fan in Mohammedaanske kampfjochter net ferneare en bûn de striid mei dy ûnleauwige oan. Hy wûn en kaam mei de kop fan de fersleine fijân yn it legerkamp werom en omdat er sa manhaftich west hie waard er ta ridder slein en mocht er tenei de kop fan in Moar yn it wapen fiere". Oant safier Algra.
De family Roarda wurdt yn echte stikken pas yn 1397 as Rowertha to Ghenim neamd. Yn dat jier joech Aylika Rowertha as boarch foar Bauke Siurdisma (Sjoerdsma) te Lekkum 40 pûnsmiet yn Deinum oan Scelta Folpertha. Oant 1507, dus oant 120 jier letter, soenen de erfgenamten Roarda de sibben of rjochtsopfolgers fan Sjoerdsma (sjoch Sjoerdsmastate te Lekkum) oansprekke om werombetelling fan dy boarchsom. In sweager fan Aylko Roerda wie Wilko, grif deselde as Wilcke Roeuerda dy't yn 1422 as Skieringer haadling it Grutte Ferbûn mei besegele. In soan fan Aylika wie Syds Roarda, yn 1447 troud mei Etheke Ropta. Nei de dea fan Syds wertroude hja mei Wobbe Gerlofs Wobbema en wenne mei him op Wobbemastate yn Driezum.
In soan fan Syds, Wibrandus of Wybren Roarda wurdt yn 1470 neamd as hy in troch syn pake betelle boarchsom besiket werom te krijen. Douwa her Syucksma (sjoch Siuxmastate te Waaksens) wie nei alle gedachten in sib fan Wybren Roarda, want hy trede tegearre mei him op. In 1474 komt Wybren ‘in het nieuws’ as hy syn susters dy't dan non yn it kleaster Bethlehem binne, mei rinten út de boel hellet. Yn 1487 hienen hy en syn frou Auck te Herwey mei oare erfgenamten in skeel oer de Herwey-erfenis. Harren namme komt foar op de tsjerkeklok fan Ginnum út 1490. Wybren Roarda trede ek yn omlizzende doarpen Wânswert en Jislum as haadling op: yn 1491 sluet er him mei dy doarpsgemeenten oan by it bûn mei Grins; yn 1505 waard hy neamd ûnder de eallju fan Ferwerderadiel.
Op it omgrêfte terrein stiet in pleats mei in geef dwers boud foarhûs, dat mei in halsdiel ferbining hat mei de skuorre. De yngong is yn de midden fan de foargevel, oan beide kanten seisrútsfinsters, midden foarrige iuw. Neffens M.S.E. Visser yn 1960 soe der in tagongspoarte west hawwe foar it plak oer dêr't de stookhutte fan de pleats stie; ûnder de tsjernhoeke soe in kelder wêze.
Eigeners/bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1397 Aylika Rowertha ?
- 1440 Syds Roarda
- 1470, 1505 Wybren Roarda
- 1511, 1540 Syds Roarda
- 1578, 1580 Wybren Feyes Roorda
- < 1605 Feye Wybrens Roarda
- 1607 susters Roorda
- 1640 erven Bocke fan Burmania en Ursel Feyedr. Roarda
- 1656 Wybrand Roarda
- Douwe Roarda (?)
- 1696 boargemaster Recalf en Pijtje Luytjens 50/50
- 1718 Pijtje Luytjens
- 1738 Rinske Tjepkes en Otto Lambergen
- oant 1778 prof. Tiberius en dr. Sybrandus Lambergen
- 1818 Jacob Bottes Roorda en P.J. Goslinga
- oant 1850 family Roorda
- Family Tilma
- 1858 Pier Jans Tilma
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|