Rixt van der Horst

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Rixt van der Horst
Olympic Rings black.svg sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Rixt van der Horst
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
bertedatum 26 jannewaris 1992
berteplak Lúksemboarch (Lúksemboarch)
etnisiteit Frisian flag.svg Frysk
sportive ynformaasje
sport hynstesport
ûnderdiel dressuer
P.S. Rio de Janeiro 2016
debút 2008
wichtige prestaasjes
Gold medal icon.svg WK: 5× goud
Gold medal icon.svg EK: 2× goud
Silver medal icon.svg WK: 1× sulver
Silver medal icon.svg NK: 4× sulver
Bronze medal icon.svg Paralympyske Spullen: 2× brûns
Bronze medal icon.svg NK: 1× brûns

Rixt van der Horst (Lúksemboarch,[1] 26 jannewaris 1992) is in Frysk dressuerruter mei in lichaamlike beheining dy't yn Grou wennet. Hja is twafâldich Jeropeesk kampioene en twafâldich wrâldkampioene, en behelle yn 2016 op 'e Paralympyske Spullen yn Rio de Janeiro twa brûnzene medaljes.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van der Horst waard yn 1992 berne yn Lúksemboarch, de haadstêd it gruthartochdom mei deselde namme, dêr't har âlden op dat stuit op fakânsje wiene.[1] Tegearre mei har twillingbroer kaam se tsien wiken te betiid te wrâld, en as gefolch fan soerstofgebrek by de berte hat se ferskate lichaamlike beheinings: longemfyseem, in nierôfwiking, skolioaze en it Parry-Rombergsyndroom. Dy lêste krupsje is in tige seldsume oandwaning dy't pas yn 2012 by har fêststeld is.

Nei't Van der Horst yn 2011 har diploma foar it ateneum helle, sette se útein mei in HBO-oplieding biology en medysk laboratoariumûndersyk. Yn har earste stúdzjejier behelle se har propedeuze, mar yn it trêde jier moast se de stúdzje lykwols fanwegen oanboazjende sûnensswierrichheden ôfbrekke.

Van der Horst docht al fan bern ôf oan oan hynsteriden. Yn 2008 die se foar it earst mei oan it Nederlânsk kampioenskip, wêrby't se mei har hynder Kim reservekampioen waard. Dyselde posysje behelle se yn 2009 wer, en yn 2012 op 'e nij mei it hynder Vico Wald. Sûnt septimber 2013 foarmet Van der Horst in kombinaasje mei har hynder Uniek N.O.P., wat mooglik makke waard troch finansjele stipe fan it yn 2005 oprjochte Foppe Fûns fan Foppe de Haan. As tsjinprestaasje fungearret Van der Horst as ambassadrise foar it Foppe Fûns.

Yn 2014 wie Van der Horst fannijs Nederlânsk reservekampioen, mar datselde jiers behelle se yn it Frânske Caen twa earste plakken op 'e Wrâldruterspullen (op 'e yndividuële proef en de kür op muzyk) en in twadde plak (mei de Nederlânske dressuer-ekyp). Yn 2015 wûn se in brûnzene medalje op it Nederlânsk kampioenskip, en twa earste plakken (yndividuële proef en kür op muzyk) en in twadde plak (mei de Nederlânske dressuerekyp) op it Jeropeesk kampioenskip yn Deauville. Yn 2016 kaam Van der Horst foar Nederlân út op 'e Paralympyske Spullen yn Rio de Janeiro, dêr't se op 13 en 15 septimber twa brûnzene medaljes wûn op 'e ûnderdielen tiimkampioenskip en yndividuële kampioenskipstest.

Yn 2018 die Van der Horst oan 'e Wrâldruterspullen yn Tryon, yn 'e Amerikaanske steat Noard-Karolina, mei op in nij hynder, Findsley. Hja prolongearre dêr har wrâldtitels op 'e yndividuële proef (yn 'e media almeast omskreaun as paradressuer)[2][3] en op 'e kür op muzyk.[3][4] Teffens waard se diskear wrâldkampioen mei de Nederlânske dressuer-ekyp.[3][4]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Biografy op 'e persoanlike webside fan Rixt van der Horst.
  2. ——, Van der Horst pakt opnieuw wereldtitel, yn: de Ljouwerter Krante, 20 septimber 2018, s.14.
  3. 3,0 3,1 3,2 Side oer Rixt van der Horst op KNHS.nl.
  4. 4,0 4,1 ——, Van der Horst verrast zichzelf, yn: de Ljouwerter Krante, 24 septimber 2018, Sportbylage, s. 8.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, op dizze side.