Rinko Kikuchi

Ut Wikipedy
Rinko Kikuchi
Kikuchi by it 65e Berlynske Ynternasjona Filmfestival, 2015

Rinko Kikuchi (菊地 凛子, Kikuchi Rinko), berne as Yuriko Kikuchi (菊地 百合子, Kikuchi Yuriko, Hadano, 6 jannewaris 1981) is in Japansk aktrise. Har rol yn Babel brocht har by in breed publyk yn de kunde. Foar itselde optreden krige sy ûnder oaren in National Board of Review Award takend.

Kikucho makke yn 1997 har filmdebút yn de telefyzjefilm Gakkō no kaidan F. Twa jier letter debutearre sy op it wite doek yn Ikitai, ynternasjonaal útjûn ûnder de titel Will to Live. Kikucho ferskynde yn 2006 foar it earst yn in net-Japansktalige film, doe't hja Chieko Wataya (in dôf-stom tsienerfamke) spile yn Golden Globe-winner Babel. Sy waard dêrfoar yn 2007 nominearre foar tagelyk in Academy Award , in Golden Globe en in Satellite Award. Dêrmei wie se net yn ien kear ferkocht oan it Westen. Dat moast oant 2008 wachtsje doe't Kikuchi as Bang Bang opdûkte yn it Amerikaanske The Brothers Bloom.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

*Sûnder de telefyzjefilms

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]