Riniahûs (Kollum)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Riniahûs stie yn Kollum, gemeente Kollumerlân, foar it tsjerkhôf oer.

Mooglik oan it begjin fan de 17e iuw sette litten troch dr. Hayo fan Rinia, yn 1613 postelant bij den gerechte fan dizze gritenij, dêrnei assessor en fan 1627 - 1631 grytman fan Kollumerlân. Hy wie in soan fan Doeke fan Rinia en Anna fan Aldertsma (Allersma) en waard yn Driezum berne. Nei syn rjochtestúdzje yn Frjentsjer liet er him ynskriuwe as abbekaat foar it Hof fan Fryslân. Hy troude mei Maaike Huyghis, dochter fan Frans Huyghis, om 1580 sekretaris fan Kollumerlân en eigener fan it Huighishuis oan de Iewâl yn Ljouwert, en Geel fan Bootsma. Nei it ferstjerrren fan Maaike boaske hy mei Joukje fan Dijxtra, nei alle gedachten kommend fan Dijxtrastate te Huzum.

Bewenners
  • 1616 – 1639 Hayo fan Rinia
  • 1639 – 1667 Sixtus fan Rinia
  • 1698 Sybilla Theresia fan Spitholt
  • oant 1728 Livius fan Scheltinga
  • 1728 erven Livius fan Scheltinga
  • 1738 Willem Emilius fan Unia
  • 1744 Catharina Aurelia fan Scheltinga
  • Wija Catharina fan Scheltinga en Willem Hendrik fan Heemstra
  • Schelte fan Heemstra
  • oant 1805 Cornelis en Willem Hendrik fan Heemstra
  • sûnt 1805 Willem Hendrik fan Sytzama en dy syn suster Wija Catharina
  • oant 1842 erven Willem Hendrik van Sytzama
  • sûnt 1842 Hendrikus Eskes

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: