Rien van Nunen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Rien van Nunen
Rien van Nunen yn Stiefbeen en zoon
Rien van Nunen yn Stiefbeen en zoon
persoanlike bysûnderheden
echte namme Marinus van Nunen
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 10 desimber 1912
stoarn 6 septimber 1975
prizen Gouden Televizier-Ring
offisjele webside
(in) IMDb-profyl

Marinus (Rien) van Nunen (Hillegom, 10 desimber 1912Haarlim, 6 septimber 1975) wie in Nederlânsk akteur.

Van Nunen begûn sy karriêre by toanielselskippen yn Amsterdam. Hy waard nasjonaal bekend mei de NCRV telefyzjerige Stiefbeen en zoon (1963 oant 1971). Hy spile dêryn mei Piet Römer en krige yn 1964 de earste Gouden Televizier-Ring. Rien van Nunen spile de heit, Toon Stiefbeen. Fan 1962 oant 1969 spile er de rol fan boargemaster yn Swiebertje. Yn 1970 waard er opfolge troch Louis Borel. Fan 1967 oant 1969 hie Van Nunen de haadrol fan taksysjauffeur Freek Nijman yn de rige Eerste man.

Troch slimme reuma behindere, dêr't er al sûnt syn 28e mei oanhelle wie, waard er feitlik twong om it aktearjen oer te jaan. Letter brocht er mei Bert van Dongen it lietsjesprogramma Breng eens een zonnetje.

Van Nunen sy earste frou wie Maria Thekla (Riet) van Haagen. In skoftlang holden sy tegearre in sliterij yn it wurk, yn de Amsterdamske Swammerdamstrjitte. Sy krigen trije bern: Henk, Ton en Rien. Twaddens troude er mei aktrise Hella Faassen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]