Springe nei ynhâld

Riedpinsjonaris

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Riedspinsjonaris)

Riedpinsjonaris (of riedspinsjonaris) wie de titel fan de earste amtner en rjochtskundich adviseur fan de steaten fan it goa Hollân en Seelân.

De riedpinsjonaris, oant 1617 lânsadvokaat neamd, waard foar fiif jier troch de ridderskip beneamd. Hy late de deputaasje fan de steaten fan Hollân nei de Steaten-Generaal. Teffens wie er saakwaarnimmer fan de ridders tusken twa gearkomsten yn. Hy makke harren post iepen, makke de aginda en die de tarieding fan de gearkomst. Sa wie it regele yn de tiid fan de Boergondyske hartoggen en dat bleau yn it earstoan ek sa nei de opstân fan de Nederlannen tsjin de lânshear.

Dêrnei ûntjoech de funksje him hurd en de lânsadvokaat fungearre feitlik as de heechste bestjoerder fan de hiele Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. Mar úteinlik waard oer it wol en wee fan Hollân (en dêrfan ôflaat: de Republyk) beslist troch de stedsregearen (froedskippen), fan Amsterdam oant Inkhuzen. Nei de dea fan Johan van Oldenbarnevelt waard de titel feroare fan Lânsadvokaat yn Riedspinsjonaris.

Doardt wie de "earste stêd fan Holl&an" en hie dêrom it foech om de riedspinsjonaris te beneamen. At der gjin mearderheid foar de Doardske kandidaat wie, of at Doardt fan in eigen gadingmakker ôfseach, waard immen út in oare stêd keazen.

De riedpinsjonaris is faak ôfset tsjin de steedhâlder. Ferneamd wurden is it skeel tusken Johan van Oldenbarnevelt en Maurits en dat tusken Johan de Witt en Willem III. Nei Johan de Witt wienen ûnder oaren Gaspar Fagel, Anthonie Heinsius, Isaäc van Hoornbeek, Simon van Slingelandt en Anthonie van der Heim riedpinsjonaris.

Rutger Jan Schimmelpenninck, dy't yn 1805 en 1806 steatshaad fan it Bataafsk Mienebest wie, krige ek de titel riedspinsjonaris. Dy funksje hâlde lykwols oars wat yn; feitlik wie Schimmelpenninck presidint fan it Bataafsk Mienebest. Hy hie oars sels leaver de titel fan presidint hân, mar de Frânske regearing hie in foarkar foar it âldfrinzinge 'riedpensionaris'. Mei it ûntbinen fan it Bataafsk Mienebest op 25 juny 1806 wie it ek dien mei de funksje fan riedpinsjonaris.

  • H. P. Fölting: De landsadvocaten en raadpensionarissen der Staten van Holland en West-Friesland 1480–1795. s. n., De Haach 1976.

List fan riedspinsjonarissen