Rie van Rossum
Appearance
Maria Elisabeth Dijkstra-van Rossum, koartwei Rie van Rossum (De Haach, 28 maart 1903 - Ljouwert, 5 oktober 1973), wie Nederlânsk skriuwster en ûnderwizeresse dy't sûnt 1941 yn Ljouwert wenne.
Debutearre yn 1934 mei Kloof zonder brug (ek yn Deensk en ingelsk) en skreau mear as 10 romans en 30 berneboeken (ûnder oare de Gijs Grapjas-rige en de Koen en Koosje-rige); skreau fan 1948 ôf langer as tweintich jier ûnder de namme Saskia in rubryk yn de Ljouwerter Krante en hearde oarspronklik ta de Jong-Protestantske Auteursrûnte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|