Springe nei ynhâld

Riddersmastate (Lytsewâld)

Ut Wikipedy

Riddersmastate of Riddersma-heert stie yn de buorskip De Bey beëasten Lytsewâld. Fan de state is neat werom te finen.

Oer it ûntstean fan de state is neat bekend, mar dy wie yn 1566 eigendom fan Henne Riddersma en faaks ek fan Ballinck Riddersma. Ballinck hie by Heiligerlee fochten tsjin de Spanjerts en wie dêrom ferbanne. Yn syn banfûnnis wurdt hy fermelden as ynwenner fan Lutkewolde. Se wienen grif bruorren fan Jilt Riddersma oan wa't dy heert letter tahearde, blikens in fermelding út 1573 fan Jilt Riddersma-huys dêre.
Mooglik waard dat hûs yn 1580 bewenne troch Tjerck Phaesma dy't doe om syn roomske gesindheid banne waard. As syn wenplak wurdt neamd op de Bey in Colmerlandt. Syn dochter Saes Riddersma en har man Cornelis Dercks wennen dêr letter.

Yn 1621 wurdt melding makke fan in state op de Bey dêr't by hearde een poorte achter thuys op den dam, met een hoff, bomen ende plantagie ende een schone gracht omt heem met 50 pondemaat land dat toen eigendom was van Jildert Romptsz. en syn voorsoen Jacob Jildertsz. (Rosema). It hûs hie bewenne west troch Johannes Rompts dy't yn it jier dêrfoar ferstoan wie.
Yn 1640 wie de state eigendom fan de erfgenamten fan Jildert Rompts en waard it hûs bewenne troch Metsche Rompts, nei alle gedachten in broer fan Jildert. Metsche wie troud mei Antje Alma, dy't nei syn dea wertroude mei Derck Cornelis Riddersma, soan fan boppeneamde Cornelis Dercks.

Bewenners
  • 1566 Henne Riddersma
  • 1573 Jilt Riddersma
  • 1580 Tjerck Phaesma
  • Saes Riddersma en Cornelis Dercks
  • 1621 Jildert Rompts en Jacob Jilderts Rosema
  • 1640 Jildert Rompts erven (eigener), Metsche Rompts en Antje Alma (bewenners)
  • Antje Alma en Derck Cornelis Riddersma

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: