Richard de Kogel
Richard de Kogel | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 22 desimber 1976 | |
berteplak | Rotterdam | |
lingte | 1,90 m | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Sealfollybal en strânfollybal | |
ekstra | 1 kear Ned. Kampioen seal en 2 kear Ned. Kampioen strân |
Richard de Kogel (Rotterdam, 22 desimber 1976) is in Nederlânsk follyballer en strânfollyballer.
Richard de Kogel hat by it sealfollybal ûnder oare spile foar de klup Florie/Vrevok út Nieuwegein, yn 2005 waard er operearre oan it skouder. Yn 2006 waard er oansteld as assistint-trener by dy klup. [1] Earder, yn 2000, hie er al in grut súkses: hy waard doe nammentlik Nederlânsk sealkampioen.
As strânfollyballer hat er ferskate partners hân, lykas Sander Mulder, Emiel Boersma, Gijs Ronnes, Bram Ronnes en Jochem de Gruijter. Yn 1999 waard er foar it earst kampioen fan Nederlân, dat wie mei Bjorn Peijnenburg. Yn 2002 die er dat mei Sander Mulder nochris. Ek hat er op it Nederlânsk kampioenskip ferskate oare poadiumplakken helle. Op it Wrâldkampioenskip yn 2003 helle er it 17e plak, lykas yn 2005. Op it kampioenskip fan 2005 soarge er mei syn partner Boersma foar in sensaasje: it duo wûn nammentlik fan de doe wrâld- Olympyske kampioenen Ricardo/Emanuel út Brazylje, it waard 17-21 21-19 15-13. [2]
Persoanlik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kogel is troud mei Rebekka Kadijk, dy't ek aktyf is as strânfollybalster.[3] Tegearre hawwe se in soan. [4]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|