Springe nei ynhâld

Richard Rothwell

Ut Wikipedy
Richard Rothwell
keunstner
Richard Rothwell, tekene troch Charles West Cope, om 1862
Richard Rothwell, tekene troch Charles West Cope, om 1862
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Ierlân Iersk
berne 20 novimber 1800
berteplak Athlone
stoarn 13 septimber 1868
stjerplak Rome
wurkpaad
wurksum as Skilder

Richard Rothwell (Athlone, Ierlân, 20 novimber 1800 - Rome, 13 septimber 1868) wie in Iersk keunstskilder, dy't yn 't earste plak ferneamd waard as portret- en sjenreskilder.

Rothwell waard berne yn Athlone yn Ierlân as soan fan James en Elizabeth en wie de âldste fan sân bern. Fan 1814 oant 1820 folge er in oplieding ta keunstskilder oan de skoalle fan de Dublin Society en wûn er in sulveren medalje foar syn wurk. Doe't er 24 jier wie waard er lid fan de krekt oprjochte Royal Hibernian Academy en toande er portretten makke fan 1826 oant 1829. Hy ferhuze dêrnei nei Londen en wurke dêr as atelierassistint fan portretskilder Thomas Lawrence. Doe't Lawrence yn 1830 weirekke, foltôge Rothwell in protte fan syn net ôfmakke wurken en wie er ree om de folgjende wichtichste portretskilder yn Grut-Brittanje en Ierlân te wurden. Neffens Leoneé Ormond's biografysk artikel yn it Grove Dictionary of Art wie Rothwell "op it hichtepunt fan syn kinnen fan 1829 oant 1831"; hy "waard sterk beynfloede troch Lawrence, mar hy miste de skerpsinnigens en flair fan syn master". Fan 1831 oant 1834 toerde Rothwell troch Italië om Italjaanske keunst te bestudearjen sadat er wurken mei skiedkundige temas skilderje koe. Doe't er weromkaam yn Londen wie syn populêrens ferflein. Rothwell wenne en eksposearre wurk yn Ierlân, de Feriene Steaten, Londen en Italië, mar hy berikte nea wer it nivo fan populariteit dat er ein jierren 1820 helle hie.

Yn 1842 boaske Rothwell oan Rosa Marshall; it pear krige ferskate bern.

Yn 1868 krige Rothwell doe't er yn Rome wurke koarts en stoar. Joseph Severn, dy't in portret fan de romantyske dichter John Keats skilderde, regele Rothwells begraffenis en in grêf op it protestanske begraafplak yn Rome.

Foarbylden fan syn wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Richard Rothwell.