Reynier fan Tsjom
Reynier fan Tsjom, it meast bekend ûnder de namme Reijnjer fan’t Zum, ek Reinier van Tzum (of Tzom) (Tsjom, ± 1600 – Drylts, 21 septimber 1670) wurke yn tsjinst fan de Feriene Eastyndyske Kompanjy. Hy tsjinne as ûnderkeapman yn Siam en as haadman fan de faktorij yn Desjima.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan Tsjom waard berne yn Tsjom, as soan fan Marten Jansz, in kaptein by de Admiraliteit fan Fryslân. Yn 1629 begûn hy as keapman yn Siam.
Yn 1641 waard hy as tuskentiids haad oansteld yn Desjima, nei alle gedachten om it oerleiden fan syn foargonger. Pas yn 1943 waard hy beneamd as haad fan de faktorij. Hy wurke gear mei Johan fan Twist yn it Nederlânske Malakka, en mei François Caron yn Formosa, mar ek mei de haden fan de faktorijen yn Perzje en op de Koromandel.
Op 29 septimber 1645 kaam er oan yn Nagasaky om op 30 novimber de taak fan syn foargonger oer te nimmen. Dêrnei begûn er mei de tariedings foar syn tocht nei Edo om de shogun syn ear te bewizen. Op 7 febrewaris kamen sy oan yn Edo. As kado oerhannige Fan Tsjom brillen, fergrutglêzen, optyske linzen en medisinen. Op 12 febrewaris moete er Inoue Masashige, helper fan Nagasaki. Diskusje waard fierd oer de Nambûaffêre fan 1643, doe’t Hendrick Cornelisz Schaep, kaptein fan de Breskens, en njoggen leden fan syn bemanning finzene wienen yn Yamada yn de Iwate prefektuer.
It ferbliuw op Desjima like op dat stuit mear as in soarte fan finzenskip en misskyn soe de keizer mear frijheden oan de Nederlanners jaan. De spesjale gesant, dy’t de Japanners easken, soe earst letter komme.
Fan Tsjom liet it bestjoer fan de faktorij nei oan Willem Verstegen op 7 oktober 1946. Trije wike letter ferhuze hy wer nei Nederlân. Fan Tsjom beskôge it as syn ferlossing. It libben wie foar in Nederlanner net maklik op Desjima op dat stuit. As de Nederlanners op it eilân oankamen moasten se de bibels ynleverje, dizze waarden fuortstoppe. Se mochten ek gjin snein fiere, der moast gewoan wurke wurde, lykas yn Japan noch lange tiid it gebrûk wêze soe. As it al tastien wie om it eilân te ferlitten dan moast der earst op in krús trape wurde. Se mochten de deaden net begrave, mar dizze yn see smite. Sa moast alles wat mei it kristlik leauwe te krijen hie mijd wurde. Op de pakhuzen mocht ek gjin jiertal stean, dat hie François Caron yn 1641 dien, it mocht net. Dêrop waarden de Hollanners fan Hirado nei Desjima ferhuze.
Yn 1648 kaam Fan Tsjom werom yn Fryslân. Hy troude mei Margaretha fan Æsgema yn Koarnjum. Yn 1651 waard hy de eigner fan in pleats ûnder Frjentsjer, neamd Salwerd. Yn 1654 waard hy lid fan it froedskip fan Drylts en beneamd ta boargemaster. Ek syn skoansuster Amelia wie komd. Yn 1657 waard hy âlderling; It jier dêrop ta folmacht fan de Provinsjale Steaten en krige hy in funksje by de Rekkenkeamer. Fan Tsjom wie dwers, mear as iens moast hy foar de tsjerkeried komme as der yn de pleatslike herberch De Drie Rozennobels fochten wie en Fan Tsjom him der mei dwaande hâlde. Syn frou krige de wyn fan foaren doe’t sy by in rûzje mei de buorfrou foar fodde útmakke waard.