Springe nei ynhâld

Maly

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Republyk Maly)
République de Mali
Flagge fan Maly Wapen fan Maly
Flagge Wapen
Lokaasje fan Maly
Offisjele taal Frânsk, Bambara
Haadstêd Bamako
Steatsfoarm Republyk
Ynwenners
Munt CFA-frank (XOF)
Tiidsône UTC +0
Nasjonale feestdei 22 septimber
Lânkoade MLI
Ynternet .ml
Tillefoan 223

Maly is in lân yn it westen fan Afrika. De haadstêd is Bamako.

It lân wurdt alhiel omjûn troch oare lannen en leit net oan see. It wurdt begrinzge troch:

Lânskip yn Hombory

Maly is in lân dat foar 70% út woastyn of semi-woastyn bestiet. Dat jildt benammen foar it noardlike part fan it lân. Yn it suden lizze inkele grutte rivieren, te witten de Niger, Sénégal en de Bany. It meastepart fan it lân is flak en oan de grinzen mei Algerije heger. Dat heechlân befet in protte wady's (drûge falleien) dêr't eartiids rivieren floeiden. De heechste berch fan it lân is de Hombory Tondo (1155 meter).

It klimaat rint útien fan subtropysk yn it suden oant skrok yn it noarden. Meastepart fan it lân krijt amperoan delslach fan betsjutting en tiidrekken mei drûchte komme faak foar. It rein seizoen is yn normale jierren tusken ein juny oant begjin desimber en yn dy tiid streamt de Niger altyd oer.

It grûngebiet fan it tsjintwurdige Maly makke eartiids diel út fan trije eardere keninkriken, te witten: fan de 4e iuw ôf by it âlde keizerryk Gana, yn de 11e iuw by it islamityske keninkryk Maly en yn de 16e iuw by it keninkryk Songhai. Wichtige ferslaggen oer dizze kultueren binne troch Arabyske gelearden te boek steld. De stêd Timbûktû wie yn de 14e iuw in wichtich learsintrum foar skiednis, rjochtlear en de islamityske godstsjinst. De macht fan de Songhai waard yn 1591 brutsen troch de Marokkanen.

Yn de 19e iuw waard Maly troch Frankryk ferovere yn it tiidrek tusken 1860 en 1890. Yn 1920 krige it har tsjintwurdige grutte mei de namme Frânsk Sûdan. Yn 1959 foarme it lân, dat ûnderwilens selsbestjoer krige hie, in federaasje mei Senegal. Senegal luts him yn 1960 wer tebek en Frânsk Sûdan waard selsstannich ûnder de namme Maly.

De befolking fan Maly bestiet út ferskate etnyske groepen, dêr't de Bambara mei 32% de grutste groep fan foarmet. Oare groepen binne: de Fulany of Peul (14%), Senufo (12%), Soninke (9%), Tûarek (7%), Songhai (7%) en de Malinke, Mandingo of Mandinke (7%). Om-ende-by 10% fan de befolking libbet as nomade.

De islam is fier út de grutste godstsjinst. Goed 90% fan de befolking is oanhinger fan dat leauwen. Likernôch 9% hinget in natoerreligy oan en krapoan 1% is kristen.

It Frânsk is de offisjele taal. Dêrnjonken wurde in grut oantal talen sprutsen û.o. it Bambara.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]