Springe nei ynhâld

Kiribaty

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Republyk Kiribaty)
Republic of Kiribati (Ingelsk)
Ribaberiki Kiribati (Gilberteesk)
Flagge fan Kiribaty Wapen fan Kiribaty
Flagge Wapen
Lokaasje fan Kiribaty
Offisjele taal Ingelsk, Gilberteesk
Haadstêd Súd-Tarawa
Steatsfoarm Republyk
Ynwenners
Munt Australyske dollar (AUD)
Tiidsône UTC +12/+13/+14
Nasjonale feestdei 12 july
Lânkoade KIR
Ynternet .ki
Tillefoan 868

Kiribaty is in lân yn it wrâlddiel Oseaanje. De haadstêd is Súd-Tarawa op it eilân Tarawa.

Op Kiribaty wurdt 'Kiribaty' útsprutsen as 'Tsjyrbatsj".

Kiribaty bestiet út ferskate kloften eilannen en leit yn de Grutte Oseaan. It makket diel út fan de regio's Mikroneezje (Gilberteilannen) en Polyneezje (Poeniks- en Line-eilannen)

De atollen lizze yn trije arsjipels:

Ek is der noch in isolearre eilân Banaba dat west fan de Gilberteilannen leit.

It atol Karoline.

Kiribaty bestiet út yn totaal 33 atollen en ien eilân (Banaba), ferspraat oer in gebiet 5 miloen km² yn de Stille Oseaan. Troch de tinne boaiemlaach komt der útsein kokos- en skroefpalmen net folle fegetaasje foar. Meastepart fan dizze eilannen lizze mar 2 meter boppe seenivo.

Op it eilân Banana leit it heechste punt fan it lân op 81 meter boppe de seespegel.

Oant 1995 waard it lân yn twaen snien troch de ynternasjonale tiidsône. Fanút praktysk eachpunt waard doe keazen om hiel Kiribaty de datum westlik fan de grins te jaan. Dêrtroch is de datumgrins mei goed 3000 kilometer ferskood. Kiribaty is it ienige lân fan de wrâld dat sawol op it noardlik, súdlik, eastlik as westlike healrûn leit.

De Jeropeanen hawwe yn de 17e iuw de Gilberteilannen ûntdekke. (De namme 'Gilberteilannen' waard yn 1820 yntrodusearre, doe Adam Johann von Krusenstern, in Russysk admiraal de eilannen dy namme joech). Rûn 1800 festigen har (slaven)hannelers op de eilannen en de Gilberteilannen en de Ellice eilannen waarden yn 1892 ta Britsk protektoraat ferkleare. De omlizzgende eilannen waarden tusken 1892 en 1916 troch de Britten kolonisearre.

Under de Twadde Wrâldkriich hawwe de eilannen troch de Japanners beset west. Yn de kriich waard fûleindich om de eilannen fjochtsje.

Yn jannewaris 1972 krigen de eilannen beheind selsbestjoer en waarden regeare troch Reuben K. Uatioa. Twa jier letter waard Naboua Ratieta Chief Minister. Yn 1975 hawwe de Ellice-eilannen har fan de Gilberteilannen ôfskieden en waard in selsstannich lân ûnder de namme Tûvalû. De Gilberteilannen ferkrige autonomy yn 1977.

Om-ende-by 80% fan de befolking bestiet út Mikroneezjers, it oare part binne Polyneezjers, Jeropeanen en Sinezen. Goed 90% fan befolking wennet op de Gilberteilannen. De befolking fan Kiribaty is yn tritich jier hiel bot tanomd, fan 56.000 ynwenners yn 1978 nei 110.000 yn 2008, in ferdûbeling fan it oantal ynwenners. De befolking is dan ek jong, mear as de helte is jonger as 20 jier.

It Gilberteesk, in Austronezyske taal is, tegearre mei it Ingelsk, de offisjele taal.

Fan de befolking is 97% kristen, dêr't 55% Roomsk-katolyk en 45% Protestansk fan.

It grutste part fan de befolking wurket op de kokosplantages fanwege de kopra fan de kokosnût dy't eksportearre wurdt. Ek fiskprodukten en seewier wurde útfierd nei it bûtenlân.