Rena Sofer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Rena Sofer
Rena Sofer 2014.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Rena Sherel Sofer
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 2 desimber 1968
berteplak Arcadia (Kalifornje)
etnisiteit Flag of Israel.svg Joadsk
jierren aktyf 1987 – no
prizen Emmy Award 1995
offisjele webside
gjint

Rena Sofer (folút: Rena Sherel Sofer; Arcadia (Kalifornje), 2 desimber 1968) is in Amerikaansk tillefyzje- en filmaktrise fan Joadsk etnysk komôf. Hja is benammen bekend wurden mei har rollen yn soapsearjes lykas General Hospital, Melrose Place en The Bold and the Beautiful. Yn 1995 wûn se in Emmy Award yn 'e kategory bêste froulike byrol.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sofer waard yn 1968 berne yn Arcadia, yn 'e steat Kalifornje, as de dochter fan Martin Sofer, in konservative joadske rabbyn, en Susan Franzblau, in perfester yn 'e psychology. It gesin ferfear al rillegau nei Pittsburgh, yn Pennsylvania, dêr't Sofer opgroeide nei de skieding fan har âlden. Hja begûn de middelbere skoalle oan 'e Frisch School, in joadske highschool yn Paramus, yn 'e steat Nij-Jersey, mar gie de lêste pear jier nei de North Bergen High School yn North Bergen (Nij-Jersey), dêr't har heit as rabbyn oan 'e synagoge Beth El stie. Neitiid sette hja útein mei in oplieding oan it Montclair Steatskolleezje.

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Har earste rol hie Sofer yn 'e tillefyzjerige Another World, yn 1987. Fan 1988 oant 1991 wist se oan bekendheid te winnen mei de rol Rocky, yn 'e soapsearje Loving. Noch altyd har bekendste rol is dy fan Lois Marie Cerullo, yn 'e soapsearje General Hospital, dy't se fan 1993 oant 1996 fertolke, mei noch in weromkear yn in ôflevering út 1997. Yn 1995 wûn se foar dizze rol in Emmy Award (de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis) yn 'e kategory bêste froulike byrol. Teffens wûn se datselde jiers in Soap Opera Digest Award foar deselde rol. Fan 1998 oant 1999 spile Sofer de rol fan Eve Cleary yn 'e soaprige Melrose Place, en fan 2001 oant 2002 Grace Hall yn The Chronicle.

Behalven yn soapsearjes wie Sofer ek te sjen yn komeedzje-, drama-, plysje- en aksjesearjes, lykas Caroline in the City, Seinfeld, Ellen, Two Guys, a Girl and a Pizza Place, Spin City, Friends, CSI Miami, 24, Ghost Whisperer, Two and a Half Men, Criminal Minds, Bones, NCIS en House. Har rol yn 'e komeedzjerige Just Shoot Me! (2002-2003) wie kontroversjeel om't der rûnom fan grute waard dat de bazen fan 'e tillefyzjestjoerder NBC, yn opdracht fan wa't de searje makke waard, de produsinten fan 'e searje twongen hiene om Sofer oan 'e fêste cast ta te foegjen. Yn 2013 hie Sofer in opfallende byrol yn 'e fantasyrige Once Upon a Time, as de mem fan Sniewytsje.

Sofer hat troch de jierren hinne ek yn in achttal tillefyzjefilms spile en njonken har tillefyzjewurk wie se ek te sjen yn lytse roltsjes yn spylfilms as A Stranger among Us (1992), Keeping the Faith (2000), Traffic (2000), Rock Slyde (2009) en Sarah (2010). Yn 2013 joech se har by de fêste cast fan 'e soapsearje The Bold and the Beautiful, wêryn't se de rol fan 'e kreaze en fjurrige Quinn Fuller fertolket.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e njoggentiger jierren krige Sofer in relaasje mei Wally Kurth, ien fan har tsjinspilers út General Hospital. Se trouden yn 1995 en krigen in dochter, Rosabel Rosalind Kurth. Harren houlik einige yn 1997 lykwols yn in skieding. Yn 2003 wertroude Sofer mei tillefyzjeprodusint en -regisseur Sanford Bookstaver. Mei him krige hja yn 2005 in twadde bern, dat Avalon Leone Bookstaver kaam te hjitten.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.