Springe nei ynhâld

Reliëfynverzje

Ut Wikipedy

Reliëfynverzje of omkearing fan it reliëf is it ferskynsel dat it bêd fan in streamke as slinke, dêr't de boaiem fan yn it earstoan leger lei as it lân dêr omhinne, úteinlik heger as de omkriten komt te lizzen.

Dat kin barre meidat by de foarming fan de stream it fean fuortslein waard. It bêd folt him mei sân dat it plak fan it fean ynnimd. At de stream ferdwynt kin dat sân (as sânige klaai) net ynklinke wylst it omlizzend lân dat wol docht en it meanfjild dêrfan ûnder dat fan it sân komt te lizzen.

Foarbylden fan reliëfynverzje binne ûnder oaren te finen yn de Dongeradielen (De Fjellingen), Siuwsk-Flaanderen en de oanswettende Flaamske polderkrite.