Reinsmastate
Reinsmastate lei yn de buorren fan Ternaard, gemeente Dongeradiel, westlik fan de tsjerke. De stins Reinsma is mooglik al foar 1400 boud. As famyljenamme wurdt Reynsma al yn 1390 neamd; de stins wurdt als Rensma (1511), Renskemagoet (1517) en Rensma guedt (1543) fermelde. Op it stateterrein stiet in pleats.
Yn 1390 wie Webka Reynsma parochiaan fan Ternaard. Mei de pastoar segele hy in ferkeapakte fan lân. Yn 1511, 1543 en 1580 waard út Reinsma in rinte oan de pastorije en de fikary betelle. Yn 1511 joech Willem Rensma 74 pûnsmiet lân oan, dêr't Juka Ringie, soan fan Wilke Rinia te Stiens, de belangrykste eigener fan wie. Troch Juka syn ferset tsjin de lânshearlikheid waard Renskemagoet to Nauwert (to Nauwert = Tonnaert = Ternaard) konfiskearre en tawiisd oan it gesach trouwe Juw Botnia. De Botnia's wienen oant 1624 eigeners. Doe ferkochten se de state mei 95 pûnsmiet lân, de stins, de huzinge, de skuorre mei de beammen en plantagie oan Ebel fan Haitsma, de frou fan Keimpe fan Donia.
Letter wie Reynsma zathe, sa't it yn 1698/1700 neamd waard, stees in pachtpleats, mar wol lange tiid noch aadlik eigendom. Yn 1698 waard Houtfester Frans fan Burmania as testamintêr erfgenamt fan juffer Camstra neamd as eigener. De pachter fan de 96 pûnsmiet (35 ha.) grutte pleats wie doe Beert Dirxs. Yn 1728 wiene Frans en Beert beide al ferstoarn, want doe wie it goed eigendom fan Houtfester Burmania erven en de brûker wie Dirk Beernts, de soan fan de foarige pachter.
It kadaster fan 1832 jout as eigener Kornelis Theunis Rinsma (ek wol fermelde as Rensma) waans famyljenamme grif oan de namme fan de state ûntliend is. Hy wie de yn 1814 berne soan fan Cornelis Theunes Rinsma en Trijntje Paulus Hiemstra. Dat pear sil sûnder mis yn 1811 op Reinsma sate wenne hawwe.
Fassinearjend is de lizzing fan Reinsma, flak tsjin de buorren oan. Wylst it doarp sels amper op in terp leit, is it hûssteed fan Reinsma wol ferhege. Opmerklik wie ek de lizzing fan it byhearrende lân. Ornaris leit yn Fryslân it pastorijelân by it doarp, oanslutend by de tsjerke en pastorije. Yn Ternaard leit it lykwols fier eastlik fan it doarp. Dêr't men it pastorijelân ferwachtsje soe, om it doarp, leit it Reinsmalân. Dat soe derop wize kinne dat Reinsma âlder wie as de parochy/tsjerke. Ternaard wie eartiids in havenplak oan in see-earm fan de Waadsee en mooglik hat Reinsma oarspronklik ien fan de (partikuliere) “boarchten” west foar de kustferdigening.
Eigeners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1390 Webka Reynsma (?)
- 1511 Juka Ringia
- Juw Botnia
- oant 1624 famylje Botnia
- sûnt 1624 Ebel fan Haitsma troud mei Keimpe fan Donia.
- 1640 Keimpe fan Donia, brûker Sjoerd Wigbolts
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|