Rienck Bockema
Rienck Bockema of Reinik Bockema, ek wol Rewenich, (± 1350 - Thabor, 29 febrewaris 1436) wie in Fryske haadling yn it gebiet om Snits hinne.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bockema wiie de soan fan Bokke Doedinga en wie troud mei Bot. Hja wie de dochter fan Fokke Sikkinga út Doanjum. Tegearre hienen se ien dochter, neamd His. Sy troude mei Agge Harinxma út Heech. Hjirút kaam yn 1403 in soan (Bokke). Syn skoansoan Agge Harinxma folge him op as haadling.
Rienck Bockema wenne op de stins Rodenburch. Yn 1398 waard hy troch de Hollânske greve Albrecht fan Beieren beliend mei it baljuwskip fan Olde Waghenbrugghe, dat de hiele Súdwesthoek besloech. De namme Waghenbrugge is letter Weinbrits wurden, fandêr de namme Wymbritseradiel. It baljuwskip hie er krigen fan de Hollânske greve om't er Fetkeaper wie. Albert fan Beieren hat in skoftlang in protte ynfloed hân yn Fryslân en troch de partij fan de Fetkeapers waard er stipe, mei de oare Fryske partij de Skieringers hied er in soad te stellen.
Doe't de Skieringers yn 1400 súkses hiene tsjin de greve binne in soad Fetkeaper eallju flechte nei Starum, dat it lêste bolwurk fan greve Albrecht wie. Bockema is tusken 1399 - 1402 balling west yn Hollân. De stins Rodenburch is dêrnei ferwoaste troch de Snitsers.
Yn 1406 kaam Rienck werom en stifte it Kleaster Thabor by Turns, dêr't hy yn 1410 sels yn gie. Hy waard opfolge yn syn rjochten as haadling troch syn skoansoan Agge Harinxma.
Rienck hat yn syn libben in protte fochten û.o. tsjin Litouwers en tsjin de Turken. Hy hat in pylgerreis makke nei Jeruzalim.
Yn Snits is in de Rienck Bokkemakade nei him neamd.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Willem Tjerkstra - Ridder fan Snits, histoaryske roman oer Rienck Bockema (1999)