Reinder van der Leest
| Reinder van der Leest | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| oar pseudonym | R.R.R. van der Leest | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 29 juny 1933 | |
| berteplak | Drachten | |
| etnisiteit | ||
| wurk | ||
| taal | Frysk en Nederlânsk | |
| sjenre | Roman, Poëzy | |
| prizen | Rely Jorritsmapriis (1968), (1969), (1983), Gysbert Japicxpriis (1981) | |
| jierren aktyf | 1967- ? | |
Reinder Rienk van der Leest (Drachten, 29 juny 1933) is in Frysk dichter, skriuwer, byldzjend keunstner en ûnderwizer. Hy publisearret ek ûnder de namme R.R.R. van der Leest. [1]As dichter en romanskriuwer heart er by de generaasje dy't yn de jierren ’60 it literêre eksperimint en de eigentiidske popkultuer ynbrocht yn de Fryske literatuer. It grutste part fan syn libben hat Van der Leest bûten Fryslân trochbrocht.
Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van der Leest wie berne yn Drachten en ferhuze dêrnei nei Oerterp, doe werom nei Drachten, Dokkum en De Himrik, doe nei Snits en op it lêst nei Ljouwert.[2] Van der Leest hat yn Ljouwert de HBS folge en learde dêrnei op de kweekskoalle oan it Schavernek foar ûnderwizer. It leafst wie er doe yn Amsterdam nei de keunstakademy gien, mar mei omdat syn heit jong stoar en it finansjeel net ta de mooglikheden hearde gie er oan it wurk as ûnderwizer. Wol hat er letter noch de oplieding grafysk ûntwerper folge en dat fak freelance ek útoefene. Oant 1960 wied er meiwurker fan de Fryske Kultuerried. Oant syn pinsjonearring hat er skoalmaster west. Earst yn Culemborg, dêr’t er de skaakrubryk yn de Culemborgse Courant fersoarge. Dêrnei wenne er yn Zaandijk en oant syn pensjoen yn Ynskedee dat er syn 2007 ferruile foar Megen yn Noard-Brabân.
Eksperiminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Poëzij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op de kweekskoalle makke er in tal Hollânsktalige gedichten foar de skoalkrante, dêr’t fierder net folle mei dien waard. Nei it lêzen fan resinsjes fan boeken fan syn âld-kweekskoalgenoaten Tjitte Piebenga en Jan J. Bylsma begûn er nei syn tritichste mei dichtsjen yn it Frysk. Hy wennne doe al tsien jier bûten Fryslân. Yn eigen behear ferskynden yn 1967 de gedichtefolderkes Flardeguod en Patates mei mayonaise. Yn dy útjefte stiene ek ta keunst bewurke teksten (ready-mades). Syn eksperiminten foelen op by de redaksjes fan de Fryske literêre tydskriften De Tsjerne en Trotwaer. Van der Leest wurke in jier letter mei oan de fersebondel mei Frysk- en Nederlânsktalige gedichten Broadsje healom / Broodje Halfom yn de mande mei skriuwers as Josse de Haan, Meindert Bylsma en Remco Heite. Yn syn wurk eksperimintearre hy mei foarm en liet grinzen tusken literatuer, keunst en muzyk ferdwine. Ynspiraasje fûn er yn de nul-keunst en de fisuele poëzij dêr’t wurd en byld mei elkoar ferbûn wurde. Bygelyks it gedicht Skûtsjesilen yn fûgelflecht. Benammen de nonsens-literatuer fan de Ingelske dichter Edward Lear en fan de Dútske dichter Christian Morgenstern en de Nederlânske skriuwer Cees Buddingh’ sprutsen him oan. Syn it eksperimintearjen blykten ek yn Boartersbûkje 1909 en sextich (1969) mei nije foarmen yn tekstgebrûk, sawol kwa ynhâld as kwa foarm. It wiene typografyske eksperiminten nei foarbyld fan de literêre streaming fan de destiidske skriuwers as K. Schippers en J. Bernlef. Dizze sechtigers hiene har ferienige om it tydskrift Barbarber. Van der Leest syn niget oan it boartsjen mei typografyske foarmen kaam noch dúdliker nei foaren yn de dichtbondel Practicum (1970). De gedichten waarden foarmjûn troch it brûken fan letters en tekens. Hy brûkte wol of gjin haadletters, wol of gjin metrum, wol of gjin rym, en sawol frjemde as gewoane wurden. It paste ek yn de tiid fan doe mei it tagonklik meitsjen fan poëzij en it opkommen fan Operaasje Fers. Reinder van der Leest hat ek noch in skoft redakteur west fan Trotwaer.
Rockploech Spul brûkte fjouwer teksten fan Van der Leest foar harren, ien dêrfan wie it liet Wer sil ús brede boarst de fûle fijân keare / wer sil ús fryske frat de kneppels tsjen..[3]
Proaza
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van der Leest publisearre nei in (tal) eksperimentele dichtbondels in rige humoristyske speurdersferhalen fol dûbelde boaiems mei as haadpersoanen Nier Hinnebruier en Dynte Planteit.
Yn syn roman Morpheus yn de ûnderwrâld (1975) eksperimintearre hy mei de tekst troch tusken de gewoane tekst stikjes tekstbyld te ferwurkjen. Yn 1969 ferskynde de destiids ferneamde „Kikkert"-rige Komme dy kepers? In draaiboek foar in b-film. Oan de oerflakte wie dat in aventoerlik kolderferhaal, - mei de kreaze Dynte Planteit yn'e haadrol - mar de ûnderstream wie in lichte satire op de maatskippij.
De kritiken wiene net sa geunstich, as men alteast ôfgiet op wat Van der Leest, net sûnder selsspot, op it titelblêd fan it ferfolch Boef fan Rys (1972) printsje liet: "Warsköging en forûntskuldiging: dit twadde boek is noch minder as it earste". Lykas de sechtigers seach er op in nije en ferfrissende wize tsjin de werklikheid oan.
Foar it skriuwen fan syn romans wiene twa saken fan grutte ynfloed. Alderearst de film. Al yn Ljouwert wied er yn de kunde komd mei de moderne cinema. De earste roman hie as titel Komme dy kepers? Draaiboek foar in b-film. Fierders wie ek de detektiveskriuwer Raymon Chandler foar him fan belang. Skreau Chandler in syklus fan sân dielen mei Philip Marlow as haadfiguer. Van der Leest woe in romansyklus fan acht dielen mei haadpersoanen Dynte Planteit en Nier Hinnebruier.
Nier en Dynte belibje de frjemdste aventoeren. Yn de boeken wurdt in thrillereftige parody jûn op it moderne libben. Van de Leest koe him útlibje yn syn taaleksperiminten dêr ’t de misdie ûndergekikt oan makke is. Detektiveboeken hawwe wat meganysk ferrin. Se wurde fan efter nei foaren skreaun, fan misdie nei ûntknoping. It ferhaal foarme dan in moaie kapstok om oare dingen oan op te hingjen. Fierder wie de spanning gaadlik en kriget de lêzer net alle ynformaasje. Sa kin de spanning útrekt wurde en de werklikheid ferfoarme yn kombinaasje mei taalboartsjen wie apart yn de tiid dat de boeken ferskynden.
Oars as in soad tradisjonele Fryske ferhalen spylje de ferhalen fan Van der Leest har ôf yn de stêd Ljouwert. As skriuwer bûten Fryslân moast er wol mear Fryske wurdboeken brûke. Thús yn Ynskedee waard gjin Frysk praten, mei omdat er mei in Ingelske frou troud wie, hearde er it Frysk net deistich om him hinne en siet dus wat isolearre fan it Frysk. Syn Frysk makke er yn syn romanrige faak mei opsetsin keunstmjittiger. Wat âldfrinzige wurden en wurden dy’t net folle brûkt waarden brûkte er foar gewoane deistige situaasjes dy’t net om dat taalgebrûk fregen. Sa ûntstie faak in tsjinstelling tusken wat der skreaun wurdt oan aventoer, it barre,n en it taalgebrûk. Soks joech komyske en ferfrjemdzjende effekten. Oare kearen brûkte er moadewurden út it Nederlânsk, bygelyks ‘gaaf’ en brûkte de letterlike Fryske oersetting yn ien of oare wize, wat as in soarte trendy Frysk ek in ferfrjemdzjend effekt joech. Syn kolderike fleurige styl hie oan de iene kant guodlike satire op de wolfeartssteat en boarte dêrby mei it Frysk. Sa liet er Chick Anus konsekwint in soarte ‘omkeard Bokwerts’ prate.[4]
It eksperimentearjen mei taalboartsjen en taalgrappen waard net oernomd troch oare skriuwers en it grutte publyk liet it wat ôfwitte. Nei fiif jier eksperimintearjen besleat Van der Leest om op te hâlden mei publisearjen yn it Frysk. Wol ferskynde noch wurk dat er ûnderhannen hie lykas it jongereinboek Cap Sud, dêr’t er yn 1983 de Simke Kloostermanpriis foar krige. Yn 1981 waard syn ynspanning beleanne mei de Gysbert Japicxpriis.[5] Net allinnich foar syn dichtbondel Keunst en fleanwurk, mar ek as in erkenning foar syn eardere wurk. Letter soene neist inkele romans, in byldferhaal en yn 2005, Wurk yn útfiering, in bondel mei teksten en tekeningen dy’t in oersjoch sjen lieten fan syn tekstuele en byldzjende wurk yn de perioade 1969-1972.
De earste beide dielen oer Nier en Dynte waarden yn 2001 op 'e nij útbrocht yn de rige Fryske Klassiken. Yn 2003 kaam it tredde diel It moaiste famke fan Antarctica op 'e nij út. Neidat yn 2005 Morfeus yn de ûnderwrâld ferskynd wie yn in part troch de skriuwer werskreaune ferzje, ferskynde as lêste Noardlike nachten yn 2008.
Keunst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neidat er út it ûnderwiis stapte kaam it skilderjen hieltyd mear yn't plak fan it skriuwen. Sa folge er in skildersoplieing oan de keunstakademy AKI yn Ynskedee.
Van der Leest waard by syn byldzjende wurk, it skilderjen, beynfloede troch artysten as Roy Lichtenstein en Matisse. Hy skilderet út’e holle wat er him yn it sin bringe kin of wat er dêrby fantasearret. It skilderjen is rjochte op it meitsjen fan in dekôr foar de minsken dy’t útbylde wurde. De minsken binne dan ek net realistysk sa’t se binne. Se wurde ferfoarme mar it wurde gjin popkes of karikatueren en wurde ôfbylde sa’t it him it bêste like. Sa gie it ek mei de brûkte kleuren. Van der Leest is gjin man fan ekstremen. Hy skilderet wol it kontrast, mar net it konflikt.
Yn de tentoanstelling ‘Reizen om utens’ by Tresoar yn 2019 waard benammen syn byldjende wurk beljochte. [6]
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Poezij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Flardeguod 1967
- Patates mei mayonaise 1967
- Boartersbûkje 1909 en sextich 1969
- Practicum 1970
- Hwat moat in ûntwerper fan pakpapier wol fiele? 1972
- Keunst en fleanwurk 1979
- Wyn en fearren : gedichten 1979-1985 1986
- Wurk yn útfiering : teksten en tekeningen 1969-1972 2005
- Tajefte : sân gedichten 2006 :
Proaza
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Komme dy kepers? : (draeiboek foar in B-film *****) (1969) (werútjefte 2001)
- Lampefryske forhalen 1972
- It moaiste famke fan Antarctica (1974) (werútjefte 2003)
- Morheus yn de ûnderwrâld (1975) (op 'en nij skreaune útjefte: Morfeus yn de ûnderwrâld, 2005)
- Cap Súd (jongereinboek) (1980)
- Hertenfrou en Skoppenboer (1983)
- Frouljusgambyt (1986)
- In kâld keunstje (2001)
- Noardlike nachten (2008)
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1968 - Rely Jorritsmapriis – (ferhaal : Lytse griene rite)
- 1969 - Rely Jorritsmapriis – (ferhaal : Nachtloop)
- 1981 - Gysbert Japicxpriis foar syn dichtbondel Keunst en fleanwurk.
- 1983 - Simke Kloostermanpriis foar jongereinboek Cap Súd.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Frysk ûnderwizer
- Frysk byldzjend keunstner
- Frysk dichter
- Frysk romanskriuwer
- Frysk koarte-ferhaleskriuwer
- Frysk berneboekeskriuwer
- Frysk senarioskriuwer
- Frysk toanielskriuwer
- Frysk striptekener
- Frysk publisist
- Frysk tydskriftredakteur
- Skriuwer yn it Frysk
- Nederlânsk ûnderwizer
- Nederlânsk byldzjend keunstner
- Nederlânsk dichter
- Nederlânsk romanskriuwer
- Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer
- Nederlânsk berneboekeskriuwer
- Nederlânsk senarioskriuwer
- Nederlânsk toanielskriuwer
- Nederlânsk striptekener
- Nederlânsk publisist
- Nederlânsk tydskriftredakteur
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Drachten
- Persoan berne yn 1933