Reina Prinsen Geerligs
Reina Prinsen Geerligs (Semarang,[1] 7 oktober 1922 – Sachsenhausen, 24 novimber 1943) wie in Nederlânsk skriuwster en fersetsstriidster yn de Twadde Wrâldkriich.
Prinsen Geerligs folge it Barlaeus Gymnasium yn Amsterdam (hja siet yn de klas mei Willem Frederik Hermans). As begjinnend skriuwster siet se yn de oarloch yn de links-radikale fersetsgroep CS-6 (ferneamd nei de Corellistrjitte 6 yn Amsterdam). Yn dy groep, oprjochte troch de bruorren Jan Karel Boissevain en Gideon Willem Boissevain sieten Gerrit Willem Kastein, Truus van Lier, Pam Pooters, Jan Verleun, Leo Frijda, Hans Katan, Sape Kuiper en Louis Boissevain ek.
De groep waard ferret en Prinsen Geerligs waard yn it konsintraasjekamp Sachsenhausen yn Oranienburg [2] deasketten. De omstannigheden fan har arrestaasje binne nea dúdlik wurden.
Reina Prinsen Geerligs is tsjintwurdich fral noch bekend fan de Reina Prinsen Geerligspriis, in literatuerpriis dy't har heit en mem nei de oarloch ynsteld hawwe foar Nederlânske auteurs tusken de 20 en de 25 jier.
Yn Heerhugowaard is yn 1999 it betinkingsmonumint Vrouwen uit het verzet set, makke troch Elly Baltus. Yn de sokkel steane 22 nammen fan fersetsfroulju dy't omkaam binne gravearre, ek dy fan Reina Prinsen Geerligs. Yn oare plakken binne strjitten nei har ferneamd.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Rob van Olm: Recht, al barste de wereld. Reina Prinsen Geerligs en de ondergang van CS-6. Skoarl, Utjouwerij Conserve, 1998. ISBN 9054290935.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|